Foar 10 eurie nei sc Heerenveen – Excelsior
18 september 2025Sneon 20-9-2025
19 september 2025Nije SDS-sokken
Der binne wer goeie SDS-sokken te krijen yn de bestjoerskeamer.
Lju dy’t ferkearde sokken hawwe kinne dizze dêr omruilje.

Dit binne de ferkearde
De webside
By alle teams fan SDS hawwe wy alle spilers, trainers, lieders en trainingstiden ynfuld hjir op de webside. No soenen wy it wol hiel moai fine as wy fan jim de teamfoto’s en spilersfoto’s krije om der by te setten. Dêrneist is in wedstrydferslachje op sneon of snein wolkom en de útslagen fansels. By de senioarenteams meie je de doelpuntenmakkers efkes trochjaan oan Aant foar de Topskoorderslist. Sa hâlde wy de webside mei syn allen by de tiid.
SDS 1 – QVC 1
De earste kompetysjewedstriid fan SDS 1 is tsjin QVC 1. In älde”en “nije”bekende.
Ald omdat se in pear jier werom ek bij SDS 1 yn de kompetysje siten en nij omdat se ferline wike de reis nei Easterein ek al diene foar de bekerwedstriid.
Seleksje:
1 Mark
2 Jelte-Pieter
3 Remco
4 Gerwin
5 Tim
6 Robin
7 Jelmer
8 Matthijs
9 Ate
10 Pieter
11 Lourens
12 Niels
13 …….. (JO19?)
14 Kevin
15 Kees
16 Jaap
SDS 2 – Leeuwarder Zwaluwen 5
SDS 2 mei nei de dikke bekeroerwinning fan ferline wike begjinne oan de kompetysje thús tsjin Ljouwerter Sweltsjes 5.
Wy hoopje dat sy de goeie lijn wat trochsette kinne.
De foarlopige seleksje:
1. Arjen
2. Auke
3. Bauke
4. Ewout
5. Gjelt
6. Jens
7. Jildert
8. Jorrit Stap
9. Lieuwe
10. Redmer
11. Sietze
12. Daniël Veenstra
13. Wessel S
14. Wessel W
15. Jochem Scholts
Sammelje: 13:30 oere
Wedstriid: 14:30 oere
Koach: Kerst Hoekstra
ONS Sneek 3 – SDS 3
Om 14.30 oere op it Zuidersportveld yn Snits.
Goed begjinne soene wij harren meijaan wolle.
De seleksje is ûnderweis:
Harm V, Wiltsje, Gerben, Aiso, Jelte, Jochem, Jasper, Michael, Jorrit, Arjan, Jildert van der Werf en hooplik noch ien of twa.
Waterpoort Boys 4 – SDS 4 g.n.t.
Op it Schuttersveld yn Snits soe SDS 4 oantrede tsjin WPB 4. Troch fakansjes, wurk en wat blessures by SDS 4 wurdt it moarn noch neat. 7 man is krekt wat te min.
SDS-League
Ferskeidene lju hoopten dizze wike dat de puntentelling fan de SDS-League net kloppe. Wy hawwe úteinlik alles nochris neiteld en it kloppe wol degelijk.
Gratisvoetbalmanager.nl bepaalt de punten. Hjir kinne wy fierder neat oan feroarje.
Lokwinskuhuhuhuhuhuhuh!
Good-old Floris Hiemstra is hjoed jierdei! Wy winskje him in hiele noflike dei ta en noch in soad jieren yn sûnens.
Wa’t efkes mei him fûskje wol is moarntemoarn fan herte wolkom yn de fuotbalkantine.

Al foar €10,- nei sc Heerenveen – Excelsior
Fia SDS kinne je sneon 4 oktober foar 10 euries nei sc Heerenveen – Excelsior.
Dizze wedstriid begjint om 21.00 oere. Fan dy €10,- giet der €2,- nei SDS as jim alles goed ynfulle.
Hoe dit yn syn wurk giet kinne jim hjir lêze.

Rabo-ClubSupport
Ferjit net om SDS te stypjen fia de Rabo-app!

Harsens derby (2324)
Toet, toooooooooooooooeet!
That is absolutely filthy pic.twitter.com/C3axRLTFjQ
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) September 17, 2025
Letter mear!


