Weppers freed 19-5-2023

SDS-League: ‘9 & 10 juny Slachtepop’ pakt de wykpriis!
17 mei 2023
Sneon 20-5-2023
20 mei 2023

Waterpoort Boys 1 – SDS 1

SDS 1 kin noch wol in pear punten brûke en hooplik pakke sy dy moarn yn Snits. As SDS 1 wint en Scharnegoutum 1 en Heeg 1 ferlieze dan is SDS 1 wis fan it 3e-Klasserskip folgend seizoen. In goeie reden om moarn efkes yn Snits te sjen liket ús sa ta. Dizze seleksje mei it moarn dwaan:
GertJan H, Luuk, Douwe Jan, Jelte Pieter, Gerwin, Gerbrand, Matthijs, Jelmer, Remco, Habtamu, Erik, Wesley, Lourens, Stan, Wierd en Steven.

BCV 3 – SDS 2

SDS 2 is wol wer ris oan in oerwinning ta en mei dat moarn yn Burgum dwaan. Sy fertrekke moarn om 11.15 oere en meie om 12.45 oere balje. Dit is de seleksje:
1. Tom 2. Robin 3. Jeffrey 4. Anne 5. Tim 6. Wessel S 7. Bote 8. Jurjen 9. Sietze 10. Arjen 11. Tjitse 12. Eeltsje 13. Steven (1 helft)

Hylpen 2 – SDS 4

SDS 4 mei it seizoen ôfslúte yn de moaiste kantine fan Fryslân, mar moat earst noch efkes balje. Dizze seleksje mei it moarn dwaan:
Arjan, Michael, Wiltje, Jorrit E, Gerben, Jorrit v, Leon, Aiso, Halbe, ,Allert, Remon, Marco, Harm Vink, Jasper, Kees en Bouke.

SDS JO19-1 – ONS JO19-1JM

De seleksje fan SDS JO19-1 is foar moarn mear dan kompleet. Sels Jens Hiemstra sil noch in pear minuten meibalje wylst hy hast it hiele seizoen al oan de kant stiet om ’t syn skouder hieltiten út de kom skeat. De JO19-1 kin kampioen wurde en dat wurde je net sa faak. De wedstriid begint om 12.00 oere en elkenien is fan herte wolkom!

Harsens derby (2168)

Toet, toet!