SDS-slotfeest op sneon 18 maaie mei pizza’s en DJ Pitward
16 mei 2024Sneon 18-5-2024
17 mei 2024SDS 1 – Nijland 1
SDS wol it seizoen goed ôfslúte en wat komt it dan moai út as je ôfslúte meie yn in Greidhoekederby tsjin vv Nijland 1.
It siet SDS 1 dit seizoen net altiten mei en slút it seizoen ôf as nûmer lêst. Dat hat SDS net fertsjinne, mar is wol de hurde wierheid. SDS moat foarút sjen en him rjochtsje op de takomst. Tiden hawwe tiden en foar SDS betsjut dat no in tydsje balje yn de 4e-Klasse. Jierren hat SDS it foarbyld west foar vv Nijland en no binne de rollen wer ris omdraait. Rjochtsje op de jeugd en de takomst iepent doarren. No al nocht yn folgend seizoen.
Dit is de seleksje foar moarn:
1 Jaap
2 Luuk
3 Remco
4 Gerwin
5 Jelte-Pieter
6 Robin
7 Peter
8 Wierd
9 Ate
10 Stan
11 Gerbrand
12 Erik
13 Sietze
14 Niels
15 Pieter
44 Mark
Perioadekampioen
It wurdt moarn sawisa feest yn de kantine, want ús susterklup vv Nijland pakt de Perioadetitel.
Sy pakke him troch 4e te wurden yn de einstân en nimme de perioade oer fan Balk as dy kampioen wurdt of sy pakke sels de 3e Perioade.
SV Oosterwolde soe noch 4e wurde kinne en soe de Perioade fan de kampioen oernimme kinne. Sy soenen dan dik winne moatte fan Balk. Dan soe Workum mooglik de 3e Perioade winne kinne, mar dy hat al in Perioade, dus dy soe dan nei Nijland ta gean.
Snappe jim it noch?
Nijland alfêst tige by tige mei jim Perioadetitel!
SDS-slotfeest
Ynmiddels hawwe al 90 lju harren oanmelden foar in pizza, dus de pizzabakker stiet no al pizza’s te roljen.
Balstipers
Fansels wurdt de wedstriidbal ek wer stipe en dit kear ek noch troch in Nijlanner en Okke van der Kamp.
sc Berlikum 2 – SDS 2
De manlju fan SDS 2 binne fan doel om it seizoen goed ôf te slúten en hawwe dêr foar noch twa wedstriden. Moarn út nei Berltsum en nije wike thús tsjin Sint Anne. Koach Samir is der it Pinksterwykein op út te fytsen yn Dútslân, dus Allert en Jan Los bepale de opstelling. Dizze jokers fertrekke moarn om 10.30 oere nei Berltsum om 3 punten op te heljen.
1 Ewout
2 Tom
3 Redmer
4 Eeltsje
5 Tim
6 Tjitse
7 Lieuwe
8 Wessel W.
9 Steven
10 Jurjen
11 Wessel S.
12 Jelmer
13 Bauke
Bakhuizen 2 – SDS 3
Dizze seleksje is fan doel om 12.00 oere te fertrekken nei Bakhúzen foar de lêste wedstriid fan it seizoen:
Jorrit e
Michael
Arjan
Aiso
Wiltsje
Niels
Gerben
Jochum
Broerke fan Jasper
Jasper
Jorrit V (keeper)
Mohammed Dahir
SDS 4 – TOP’63 2
SDS 4 wol it seizoen goed ôfslúte en sjocht alfêst nei folgend seizoen. Harm Dijkstra nimt ôfskie as leider en Tjeerd Dijkstra sil nei 50 jier ôfskie nimme as fuotballer by SDS. Dat wurdt no al in spesjaal momint.
Dizze seleksje sil moarn los:
Gert-Jan, Jelte, Dennis, Ronny, Tjeerd, Klaas, Mark, Gjelt, Sije, Jildert, Robert, Habtamu, Kerst en Harm.
Ofskie
Tjeerd Dijkstra hat seker 50 jier foar SDS balle en nimt moarn ôfskie fan it fuotbaljen by SDS 4. Ea begien yn de jeugd fan SDS en dêrnei yn de senioaren foar alle SDS-teams balle dy’t der mar west hawwe en jeugdfoarsitter west. Tjeerd gie altiten foarop yn de striid en die der alles oan om te winnen. Wy winskje him alfêst in soad lok ta yn syn libben nei it fuotbaljen en witte dat wy him sawisa noch faak by SDS sjen sille as supporter, barman of skiedsrjochter of oars wat. Do bist in topper!
SDS 1 1990-1991
SDS 2
SDS 5 kampioen 2022-2023
Ofskie (2)
Ek Daan Boersma nimt ôfskie. Jierren hat hy flagger west by ûnder oaren SDS 1, sc Heerenveen A1 en SDS 5. Tige tank dêr foar!
Wy winskje him in protte wille ta en wy komme him fêst wol wer tsjin by SDS as supporter as ergens mei in toeter.
7 tsjin 7
Jûn is der noch in ynhelronde fan 7 tsjin 7 kompetysje.
SDS 18-1 sil yn de Sândobbe yn Koudum besykje te winnen fan Sleat, LSC, Balk en Oeverzwaluwen
Harsens derby (2251)
Giele kaart!
The linesman tripped him up pic.twitter.com/V18Ptj4oe2
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) May 14, 2024