Weppers tongersdei 16-11
16 november 2017Sneon 18-11-2017
17 november 2017Ate Vellinga
Wij krigen it tryste berjocht dat Ate Vellinga tongersdei 16 novimber ûnferwacht stoarn is yn it fersoargingstehûs yn Drachten. Ate ferbleau dêr sûnt dizze simmer, yn in perioade fan in soad soarch. Ate is mar 65 jier wurden en hat altiten nau belutsen west bij syn klupke SDS. Snein sjogge wij efkes werom….. Sneon hingje de flaggen by SDS healstok.
SDS VR1
Sneon spylje sij yn Wytmarsum. Om 11.15 fertrekke se út Easterein:
Seleksje: Marjo, Gerry, Janieke, Lysanne, Geeske, Alissa, Sieta, Hester, Seriette, Tjitske, Sanne, Kirsten, Agnes en Jeska.
Flagger: Bertus
SDS 1
Workum 1 is sneon de tsjinstanner fan SDS 1. Om 15.00 oere trapet ien fan de twa ploegen ôf. De seleksje fan SDS 1:
Arjen Los, Bauke Dijkstra, Elger Turksma, Erik Haitsma, Frank Bervoets, Gerwin Sijbesma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong, Jaap Toering, Jacob Klaas Haitsma, Jelmer Posthumus, Marco Rijpkema, Matthijs Postma, Remco Hylkema en Wiebe Heeres.
SDS 2
Om 12.15 spilet SDS 2 de fiere útwedstriid bij Knickerbockers 4. Sy sille mei syn allen yn de bus om 10.00 oere. Dizze seleksje hellet trije punten dêr:
Gertjan, Anne Stenekes, Bote Strikwerda, Dirk de Jong, Feite de Haan, Gerrit Flisijn, Hendrik Engbrenghof, Jesse van der Weide, Jort Strikwerda, Jurjen Los, Piter van der Pol, Sjoerd de Vries, Wiebe Vellenga en Jurjen Los.
SDS 2 mei de bus nei Knickerbockers!
SDS 2 mei moarn út tsjin de Knickerbockers út Grins. In moai ‘buspotsje’! Yn de bus is noch wol wat romte foar supporters. As je mei wolle dan graach om 10.00 oere klear stean by it sportpark yn Easterein. De bus fertrekt tusken 18.00 en 19.00 oere wer út Grins.
SDS 3
Yn Drylts is sneon ek fermaak. SDS 3 komt lâns en YVC 3 helpt mei om der in moaie en sportive wedstriid fan te meitsjen. Dizze hearen fan middelbiere leeftyd dogge it dêr:
Gertjan Hiemstra, Harm Auke Dijkstra, Henk Postma, Ids Boersma, Jan-Simon Jelsma, Jeroen Wagenaar, Klaas van der Weg, Peter Sybesma, Robert Sijbesma, Wichard Deinum, Willem Wijnia, Ype Tiemersma, Douwe Doede Koopmans, Jelmer Brouwer en Jelte Hitzert. Sy fertrekke om 13.30 oere út Easterein.
SDS 4
In diel fan de seleksje die dizze wike mei oan in bierpriuwerij bij de Jumbo. Lestich om yn te skatten at dy inkele, dûbele of trijebûbele hoeveelheden alkohol it lichem ûnderwilens ferlitten ha en at der fierder gjin skea oanbleaun is. Om 12.30 oere komt SW Boso Sneek 2 lâns. Dit is de seleksje:
Johan, Sytse, Jelle, Martijn, Wifi, Steffen, Thomas, Igor, KB, Gertjan, Andries, Tseard, Ruun, Wouter Jan, Peter, Allert en Rick Doevendans.
Om 11:30 brunch yn’e kantine en 12:30 los.
Simon Kistemaker jûn op sponserjûn
Jûn om 20.00 oere sil Simon Kistemaker in praatsje dwaan foar alle sponsers en Freonen fan SDS. Sy binne allegear útnoege foar dizze no al legendaryske jûn! Sponsers en Freonen dy ’t harren net opjûn hawwe binne ek fan herte wolkom en kinne sa oanskowe. Elkenien mei ien yntroducé meinimme en de kofje mei gebak is fergees.
Nei de tiid binne de earste twa slokjes op kosten fan SDS!
Simon Kistemaker hat ek wat boeken mei om te ferkeapjen à €20,- sinjeard en wol.
Oant jûn!
Simon Kistemaker jûn op sponserjûn (2)
Simon Kistemaker docht ús noch altiten weromtinken oan de grutste teloarstelling fan Cambuur ea……. 27 juny 1987……..
Harsens derby (1947)
Ho……………