Weppers freed 17-10-2025

Weppers woansdei 15-10-2025
15 oktober 2025
Sneon 18-10-2025
18 oktober 2025
Weppers woansdei 15-10-2025
15 oktober 2025
Sneon 18-10-2025
18 oktober 2025

Beker: DTD 1 – SDS 1

De beker hat foar trainer Douwe Posthuma gjin prioriteit, mar hy sil seker winne wolle. In moaie wedstriid om wat jongens fuotballe te litten dy’t oars op de bank sitte en wol wat spulritme brûke kinne. Dizze spilers meie it moarn dwaan:
44 Mark
2 Niels
3 Remco
4 Gerwin
5 Tim
6 Robin
7 Jelmer
8 Pieter ©️
9 Ate
10 Kevin
11 Kees
12 Jelte-Pieter
13 Wiebe
14 Daniel
15 Pieter Bouma
16 Lourens
1 Arnout Meijer

SDS 2

SDS 2 hat moarn in frije dei.

Oeverzwaluwen 3 – SDS 3

SDS 4 sil moarn wer los. Sy meie nei de Koudumer beantsjes. Beide teams hawwe noch net wûn dit seizoen en binne heech ta oan de earste oerwinning.
Wy binne benijd.
Seleksje:
Jildert van der W.
Jildert H.
Wessel S.
Gerben
Joopie
Niels
Aiso
Jorrit E.
Jelte
Michael
Arjan
Jochum
Jorrit V.
Jasper

Nijland 3 – SDS 4

In pear wiken werom hie Nijland 3 te min spilers en no hat SDS 4 te min spilers foar dizze ynhelwedstriid. 1-1 dus.

Meinte Sixmatoernoai

Woansdei is tradisjoniel it Meinte-Sixmatoernoai foar de jongste jeugd fan SDS. It begjint om 14.00 oere. Tige de muoite wurdich om efkes te sjen.

ST SDS/Nijland JO13-1 wint

De JO13-1 hat woansdeitejûn de ynhelwedstryd tsjin sc Franeker JO13-2 mei 6-2 wûn. Sjoch hjir foar it ferslach op de webside fan vv Nijland. De JO13-1 slút de earste reeks kreas ôf mei in 3e plak.

ST SDS/Nijland JO17-1

Wy krigen noch in prachtige foto fan Lieuwe Vriesema fan de JO17-1. Is it net in plaatsje?


SDS/Nijland JO17-1 2025-2026
Steand: Lukas, Boaz Dijkstra, Yannick Ybema, Sven de Haan, Sander Vriesema, Lars Akkerman, Martijn Kil,
Jorrit Boonstra en Evan de Jong.
Troch de knibbels: Sjoerd Breeuwsma, Niek de Haan, Zenn Hoitinga, Fabian Giesing, Rudmer Jesse Joustra,
Boris Lode en Julian Jellema.

De Treffer

Wy binne drok dwaande mei de Treffer. Mei in bult gelok leit der ein oktober by jim op de matte.

Harsens derby (2333)

De tsjinstanner hat de ôftraap, je reitsje net in bal en dochs mei 1-0 foarkomme……