Weppers 16-10
15 oktober 2008Utslaggen 17-10
17 oktober 2008Frouljusweppers
Fan ‘e wike hienen wy hjir spesjaal in dei allinnich mar frouljusweppers. In kollega fan Wiepkje hie dit opmerkt op www.vrouwenvoetbalfriesland.nl. Wy sille dizze side no faker yn de gaten hâlde. Sjoch hjir foar it nijsberjocht op dy side.
Frouljusfuotbal
Het Nederlands vrouwenelftal speelt donderdag 30 oktober in Volendam de cruciale play-offwedstrijd tegen Spanje. De inzet is een ticket voor het EK 2009. De aftrap is om 20.00 uur en de kaartverkoop is inmiddels gestart.
*Voor voetbalverenigingen en scholen geldt bij een minimale afname van 15 kaarten een speciale actieprijs van € 3,-
Opgeven kan nog steeds bij Andre Vink.
Geef gelijk ook even op of een van je ouders wil rijden naar Volendam.
0515-333134
06-25497928
vr gr Andre
Programma sneon
Sis net dat der moarn neat is te dwaan op de Skoalle seize. De D, E en F pupillen hawwe moarnsbetiid it Meinte Sixmatoernooi. De D’s spylje om 9.00 oere de kompetysjewedstryd en om 12.00 oere kinne jim bij C2 sjen. En middeis dan is it hielendal smullen: De froulju en de feteranen moatte om 14.30 oere.
D2 en F1 moatte út.
Weppers
Wy binne der hiel wiis mei dat wy hjoed inkelde weppers presenteare kinne fan Klaas Pompstra. Sjoch de 4 weppers hjirûnder.
Blessuer
Remco Piek hie in blessuer oan de knibbel. Dat like net sa slim, mar der wie mear oan de hân.
Der sit in skuorke yn de knibbel en dat bestjut dat we Remco efkes misse moatte.
Lokkich ha we yn de seleksje noch in keeper, Harm Jan Kamstra.
Letter mear ynformaasje…
Stopje
Wiebe Jan Valkema hat oanjûn dat hy stopje sil mei fuotballen by A1. Hy siket/hat wurk en sil op sneons net mear beskikber wêze. Dermei bliuwe fan de 20 noch 18 spilers oer.
Trainingen
Nei it teloarstellend ferlies is der fannewike op de moandeitraining praten.
In goed gesprek mei de jonges en op’ e nij is der it foarnimmen om der wer folslein foar te gean!
Justerjûn kaam ik nei Noorwegen-Nederlân efkes by de training te sjen.
Yn de spilende rein trainden der 12 man mei Ron. Der waard goed traint, in soad wille en in soad reine en drek.
Freed 17 oktober GJIN trainen.
Yn de hjerstfakânsje wurdt der WOL traint.
Wedstriden
Sneon 18 oktober hat SDS A1 in frije dei.
Sneon 25 oktober om 14.30 thús tsjin ONSTOP A1.
We sille sjen as de mannen der wer klear foar binne.
Seleksje SDS 5
Wij krije normaal in lyts briefke mei dêrop de nammen fan de seleksje foar sneon.
Foar SDS 5 allinne al ha wij in hiel grut briefke nedich.
Jelle, Ids, Bertus, Tjeerd, Sipke, Marco, Aant, Klaas, Piet, Klaas, Jacob, Gerrit, Ype, Klaas, Jappie, Johnny, Folkert Rients, Daan, Anco, Stoffel en Eddy.
En dan te betinken dat Harm Auke oars ek noch wol wold hie, mar neitinke moat oer syn sûnden fan ferline wike sneon en mooglik syn “taakstraf” ôfhannelt as flagger bij de froulju.
SDS 5 spilet sneon om 14.30 oere tsjin Rood Geel
Oprop
Op fersyk fan de lieders dogge wij in dringende oprop oan de spilers fan SDS 5: De lieders freegje harren ôf at er net immen mear is dy’t op sneontemiddei in oar putsje hat as fuotbalje.
Bijgelyks wjirmen sykje, winkels ynrjochtsje, bestjoere, hekkelje. nêstbeskermers meitsje en pleatse, boeven fange, hinne hokken ferskjinje, stigers bouwe, húswarje of gewoan mei de frou nei de stêd.
Jim kinne jim melde bij Eddy.
Oh ja, strjitlizze is net in opsje. It is te wiet of te droech.
In heale punt derôf
De foarsitter fan de gehaktbollekommisje fan SDS 5 hie it dizze wike dreech mei de darmen. Om dy reden hat er besletten om de gehakbal fan Broekster Boys mei in heale punt minder te wardearen.
Al wer in funksje
Heit en mem Hoekstra (wij neame se Tinus en Tiny) hawwe wolris wat noed oer harren soan Marco. Doe’t Tinus moandei efter de kompjoeter siet bearde hij mâl. “No hat er wol wer in funksje, hoe krijt er it yn de holle”.
Mem Tiny woe it hast net leauwe en seach ek mar efkes op it skerm: Marco, foarsitter fan de gehaktballenkommisje.
Eddy
Wol Eddy net ferjitte hjoed Ids te beljen en blommen mei te nimmen foar Pep. Wij soene it ús foarstelle kinne (nei wat ynformaasje) dat Pep de blommen gau werom jout.
Kapsel
Ek by SDS sjogge je lju mei frjemde kapsels lykas as lang hier of sels mannen mei burden. By SDS is it allinnich net dreech te rieden wa ’t dit binne. Wy binne benijd as jim ek witte wa ’t dizze mannen binne(klik hjir).
Fuotbalhumor
Wy binne gek op fuotbalhumor. Soks frette wy: