Weppers freed 14-2-2025

Bas van der Weij nimt de taken fan Oetze oer by de Skoalleseize.
12 februari 2025
Sneon 15-2-2025
14 februari 2025

Sneon 1 maart yn de bus nei Makkum

Foar it earst yn jierren makket SDS 1 wer ris kans op in perioadetitel. In moaie reden om wer ris yn de bus nei in útwedstriid. En dan ek noch nei Makkum!
Nei ôfrin fan de wedstriid Makkum 1 – SDS 1 is der ek noch muzyk yn de Makkum-kantine.
De bus fertrekt om 13.00 oere út Easterein en rydt om 21.00 oere werom.
De kosten binne €10,- per persoan.
Dit kin tusken 12.15 en 12.45 oere betelle wurde yn de bestjoerskeamer.
Neist de seleksje en de staf is der noch genôch romte oer foar supporters, dus jou dy gau op.
Dat kin by Kerst Hoekstra: 06-22187399

SDS 3 – Bakhuizen 2

De 6 puntenploech tsjin de 16 puntenploech.
Mar SDS 3 docht it thús meast prima at er in soad publyk is.
Dizze seleksje wurdt om 13.40 oere yn de boks ferwachte:
Wiltsje
Michael
Aiso
Jildert
Jelte
Jochem
Jasper
Jorrit
Jorrit Veldman
Doede
Gerben
Mark

SDS 4 – Heerenveense Boys 7

Dizze ploegen ûntrinne elkoar net sa folle at je nei de punten sjogge.
SDS 4 hat 22 en de gasten hawwe der 21.
In grut ferskil sit him yn it oantal makke doelpunten.
SDS  4 hat mei 42 doelpunten yn 10 wedstriden in prima gemiddelde, mar dy oaren binne alle wiken op skot sa te sjen. 60 doelpunten yn 11 wedstriden.
Seleksje:
Gert-Jan, Jan-Simon, Frank, Ronny, Willem, Tsjipke, Mark, Klaas, Dennis, Minne, Bote, Ewout en Jeffrey.
Heerenveense Boys 7 soe net genôch manlju hawwe om te baljen, mar no dochs wol.
It giet dus wol troch.

Scharnegoutum 1 – DTD 1

Yn de kompetysje fan SDS 1 is sneon ek in ynhelwedstriid.
Earder waard de wedstriid fanwege it fjild ôflast.
Soe it no better wêze?

Kantine sawisa iepen

Mocht it fuotbaljen no moarn net trochgean dan is de kantine wol gewoan iepen fanôf 16.00 oere.
René Rijpma, Pieter Kamstra en Harm Dijkstra hawwe bartsjinst dus gesellich wurdt it sawisa.

SDS-League

Jim hawwe noch oant 18.00 oere om jim SDS-League yn te leverjen. Set him op!

‘Henk Bootsma’ hat syn SDS-League al klear

Harsens derby (2294)

De nul is hillich!