Weppers freed 14-11-2025

Fuotbal op freed
13 november 2025
Sneon 15-11-2025
14 november 2025
Fuotbal op freed
13 november 2025
Sneon 15-11-2025
14 november 2025

Makkum 1- SDS 1

In blik op de ranglist leart ús dat Makkum 1 twa punten mear hat as SDS 1. Dus sit der mar ien ding op foar SDS 1.
De wedstriid yn Makkum begjint om 15.00 oere.
Seleksje:
Mark
Jorrit
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Jelte-Pieter
Wiebe
Robin
Matthijs
Gerbrand
Pieter
Wytze
Kevin
Ate
Jelmer
Auke

SDS 2

Krekt no’t SDS 2 it net yn it doel goed fine kin, hawwe se in frije sneon

SDS 3

Ek SDS 3 wurdt út it skoarend ritme helle troch de KNVB. Ek sij hoege net

SDS 4

Foar SDS 4 feroaret der net folle. Sij hawwe in frije sneon.
Trije wedstriden hawwe se no spile en it is healwei novimber….
SDS 4 hie moarn wol balje wollen, mar ynhelje tsjin WPB kin net, want WPB mei bekerje en út ynhelje tsjin Nijlân…..dat hie sawisa neat wurden mei dit waar.

JO19-1 en JO17-1

De wedstriid fan de JO19-1 tsjin LSC JO19-1 giet moarn net troch. SDS/Nijland hat te min fuotballers om balje te kinnen.
De wedstriid fan de JO17-1 is y.f.m. al it wetter wat fan boppe komt foar de wissicheid alfêst fersetten nei Easte’rein’.
De wedstriid begjint om 11.30 oere.

Gjin Minileague

Y.f.m. it minne waar is der moarn gjin Minileague.

Efkes balje

Moandeitejûns is in groepke 45+ fuotballers rûn in oer as 20.00 oere altiten oan it baljen yn Easterein. Sy kinne wol wat ekstra fuotballers brûke. Do kinst dy oanmelde by Han de Heer (06-51339422).

Gjin Treffer?

Bist wol lid en hast de ôfrûne moanne gjin Treffer krigen?
Jou dit dan troch oan willem@vv-sds.nl. Dan losse wy dat op.
De Treffer fan oktober kinst hjir efentueel ek lêze.

Nije foarsitter

De assistint-trainer fan SDS 1, Jappie Wijnia, wurdt de nije foarsitter fan……… follybalferiening COVOS.

Harsens derby (2343)

Somtiden giet alles goed. Somtiden slagget neat.