Weppers freed 12-9-2025

De Minileague is wer los!
11 september 2025
Sneon 13-9-2025
12 september 2025
De Minileague is wer los!
11 september 2025
Sneon 13-9-2025
12 september 2025

SDS 1 – QVC 1  (beker)

SDS 1 hat it yn eigen hân om de folgjende ronde yn de beker te heljen.
Sij moatte dan wol winne fan QVC 1 út Starum
Bij in lykspul is QVC 1 troch. Sij hawwe in better doelsaldo.
Seleksje:
Mark
Niels
Gerwin
Remco
Jelte-Pieter
Tim
Robin
Pieter S
Matthijs
Jelmer
Kevin
Ate
Lourens
Pieter B (O19)
Daniel (O19)

vv Sneek Wit Zwart 4 – SDS 2 (beker)

SDS 2 is al útskeakele yn de beker. Sij moatte harren sportive plicht dwaan yn Snits.
Seleksje:

1. Arjen
2. Arnout
3. Auke
4. Bauke
5. Ewout
6. Gjelt
7. Jens
8. Jildert
9. Kees
10. Lieuwe
11. Redmer
12. Sietze
13. Tjitse
14. Wessel S
15. Wessel W

Fertrek út Easterein: 12:50 oere
Begjin wedstriid: 14:00 oere
Koach: Bote Strikwerda

KNVB cursus Verenigingsscheidsrechter

Op 30 september start in Sneek, bij LSC 1890 Sneek een nieuwe cursus vereniging scheidsrechter. (Bij voldoende deelname).
Een mooie kans voor (nieuwe) scheidsrechters om zich te ontwikkelen.
Aanmelden & info: knvb.nl/verenigingsscheidsrechter
SDS soe it alderaardichst fine as der ek guon SDS’ers binne dy’t hjir oan meidwaan wolle.

10 jier boerdstiper

Eksakt hjoed hinget it boerd fan Woonvaria, Wommels 10 jier by SDS. Lokwinskuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhuhh!

Polderklups

Der binne 4 polderklups yn de 4e klasse. Wat hie it moai west at dy bijelkoar yn de kompetysje sitte.
De KNVB hat oars besluten.
Dêr binne se yn de polder net bliid mei.
Sjoch hjir:


Konklúzje: se gean leaver nei Easterein as nei Coevorden.
Wolkom!

Polderklups (2)

As it oan ús leit mei SDS noch wol nei de 4e-Klasse B. Dan kinne dy polderklupkes der moai by yn de 4e-Klasse A. De polderklups hawwe dan harren derbys en dan kinne wy moai op de fyts nei Arum, Littens en Dronryp. Foar it klimaat is dat úteinlik ek better.
Sjoch ek hjir.

Al foar €10,- nei sc Heerenveen – Excelsior

Fia SDS kinne je sneon 4 oktober foar 10 euries nei sc Heerenveen – Excelsior.
Dizze wedstriid begjint om 21.00 oere. Fan dy €10,- giet der €2,- nei SDS as jim alles goed ynfulle.
Hoe dit yn syn wurk giet kinne jim hjir lêze.

Rabo-ClubSupport

Ferjit net om SDS te stypjen fia de Rabo-app!

De nije SDS-League

Hjoed de lêste dei om de nije SDS-League yn te leverjen. Set ‘em op!

sc Heerenveen – NEC

De ambassadeur fan sc Heerenveen, Johan Delfsma, hat elkenien maild dyt him oanmelden hat foar fergese kaartsjes foar sc Heerenveen – NEC. It kin wêze dat der yn de map mei spam kommen is. Mei nammen by de Cambuursupporters wêrby de bêrn wol graach nei sc Heerenveen wolle……

Harsens derby (2323)

‘Skerp begjinne!

 

Daliks mear!