Weppers freed 12-1-2024

Weppers moandei 8-1-2024
8 januari 2024
Keapje in heale seizoenkaart fan sc Heerenveen en stypje SDS foar €5,-
14 januari 2024

SDS JO9-1 oefent

SDS JO9-1 oefent sneon om 10.00 oere thús tsjin de JO9-1 fan Workum.

Oefenje tsjin RWF

SDS 1 soe moarn om 14.30 oere thús oefenje tsjin fjirdeklasser vv Sleat 1, mar dit giet net troch.
SDS 1 sil no út oefenje tsjin treddeklasser RWF yn Fryske Peallen.
De seleksje: Jaap, Luuk, Erik, Remco, Jelte-Pieter, Matthijs, Peter, Wierd, Gerbrand, Lourens, Stan, Sietze, Niels, Douwe Jan, Jelmer en Kevin.

Earder tsjin RWF?

SDS hat noch net faak yn Fryske Peallen tsjin RWF fuotballe. It lêste ferslach wat wy tsjinkomme is út it seizoen 1972-1973. Doe noch yn de 1e Klasse FVB.

Kompetysje

SDS 2 mei moarn foar it earst dit jier wer los foar de kompetysje. Sy hawwe om 13.30 oere yn Grou in ynhelwedstriid tsjin GAVC 2 en fertrekke om 12.00 oere út Easterein.
De seleksje:
1 Jeffrey
2 Bauke
3 Robin
4 Eeltsje
5 Tim
6 Redmer
7 Wessel
8 Jurjen
9 Lieuwe
10 Steven
11 Bote
12 Sije
13 Tom
14 Jildert
15 Wessel S
16 Arjen

Ynhelje

SDS 1 mei nije wike sneon ynhelje tsjin Nijland 1. De Nijlanners sitte no noch yn Portugal om harren optimaal ta te rieden op de waarsomstannichheden hjir. De Greidhoekederby stiet noch pland om 14.30 oere, mar de bedoeling is om 14.00 oere los te gean sadat it foar it donker klear is.
Nei de tiid kin der dûnse wurde by DJ Skieppetsiis.

Kompetysje-yndielingen jeugd

De nije kompetysje-yndielingen foar de jeugd binne ek klear. Jim kinne se fine yn de Voetbal.nl-app.

Wer los

SDS 3 en 4 binne noch frij. SDS 3 mei nije wike 20 jannewaris wer los thús tsjin Bakhuizen om 14.30 oere. SDS 4 in wike letter út tsjin Oldeholtpade 4.

Winner Treffer-krystpuzzel

Ut alle goeie ynstjoeringen fan de oplossing fan de Treffer-krystpuzzel hawwe wy in winner lutsen. De SDS-paraplu giet nei Wybren Politiek en syn mem. Hy komt sa gau as mooglik harren kant op.
De oplossing wie: Op syk nei frijwilligers.

Finales OFK

Alderaardichst fansels dat der moarn alwer wat bûten fuotballe wurdt, mar de kans is grut dat wy moarn efkes by de finaleronde fan it OFK yn Frjentsjer sjogge. It begjint om 9.30 oere en de finales binne fanôf in oer as 14.30 oere. Hjir it folledige programma: Finales-NNRD-OFK-2024

 

Wedstriidstiper

Foar de thúswedstriden fan SDS 1 binne wy noch op syk nei wedstriidsponsers. Foar de lêste wedstriid fan it seizoen thús tsjin vv Nijland hawwe wy al in stiper fûn. Okke van der Kamp fansels.

Harsens derby (2219)

Wy foenen noch bylden fan de penalty dy’t Bote Strikwerda kearde op it krystsealtoernoai yn Frjentsjer.