SSS ’68 1 – SDS 1 ( 14.30 oere)
De earbeskermers mar mei nei Marssum.
Wij binne benijd at Douwe boppe it fleantúchgeraas fan de F safolle útkomme kin.
Foar SDS 1 wurdt it wer tiid om punten te heljen om oansluting te hâlden mei de top.
Seleksje:
1 Jan Peter
2 Jelte-Pieter
3 Remco
4 Gerwin
5 Tim
6 Robin
7 Matthijs ©️
8 Gerbrand
9 Ate
10 Pieter
11 Lourens
12 Niels
13 Wytze
14 Jelmer
15 Pieter Bouma (O19)
16 Jorrit (O19)
Ynhelje
De wedstriid yn Klasse $B tusken Waterpoort Boys 1 en YVC 1 wurdt ynhelle op tiisdei 22 april.
Klasse 4B
Foar SDS 1 is der noch altiten sicht op in perioadekampioenskip mei kâns op promoasje. De kommende wiken wurde de earste prizen útrikt wêrtroch ien en oar miskien wat oersichtelijker wurdt. Nije wike (peaske)sneon wurdt der net fuotballe útsein Foarút 1 – YVC 1. Dit is om ’t YVC sneon 3 maaie 100 jier besttiet en dan net balje kin.
Sneon 26 april wurdt der ek net balle om’t dan Keningsdei fierd wurdt om ’t de kening syn jierdei net op snein fiere mei……….
Koarsein moat SDS 1 moarn winne fan SSS’68 en sneon 3 maaie út by Wykels/Hallum en dan sjogge wy dan wer.
SDS 2 – YVC 2 (g.n.t.)
Dat in wedstriid soms iets langer duorret as 90 minuten en dat in oerwinning samar fuortsketten wurde yn dat lêste stikje fan de wedstriid, dat sille se leard hawwe fan ferline wike.
Wij seagen in kreaze oerwinning oankommen, mar YVC 2 kin net genôch spilers op papier krije en al hielendal net op it fjild. De wedstriid giet dan ek net troch.
SDS 2 hat dizze kompetysje al 17 wedstriden balle en hoecht noch mar 3 kear te baljen. Nijland 2 bygelyks hat noch mar 11 kear fuotballe.
SDS 3 – Oeverzwaluwen 3
Moarntemiddei mar ien wedstriid yn Easterein. Om 14.30 oere meie SDS 3 en Oeverzwaluwen 3 tsjin elkoar. De nûmer 10 tsjin de nûmer 8. It kin alle kanten út.
Seleksje: 13.40 oere yn de boks
Jelte
Jorrit veldman
Gerben
Aiso
Jildert
Jasper
Wiltsje
Halbe
Jochum
Jorrit E
Sjirk
Sietse
Meint
Rutger(lit it nog witte)
Pieter(lit it nog witte)
YVC 4 – SDS 4
SDS 4 hat it de hiele kompetysje al dreech om 11 man op papier te krijen, mar sûnt der wat fersterking by kommen is moast it no dochs elke wike slagje. SDS 4 spilet op it stuit eins elke wike en hat net in wykein frij. Dat brekt de âldsjes wat op. Mar leafst 7 man binne net rjocht fit. Dit kin lieder Floris Hiemstra net rjochtbreidsje en wurdt SDS 4 foar de twadde kear dit seizoen ôflast om’t sy te min hawwe. Hooplik is nije wike elkenien wer folledich hersteld. Al sil it by sommige âldsjes wol net folle better mear wurde 😉
Alvetalfoto’s
Wy wurde noch altiten bliid fan nije alvetalfoto’s. Foar no binne se moai en mei de jierren wurde se allinnich mar moaier. It wurdt moarn moai waar, dus in moai ekskús om in alvetalfoto te meitsjen. Elkenien hat in fototastel yn de bûse, dus dat kin gjin ekskús wêze. Stjoer se nei willem@vv-sds.nl of aant@vv-sds.nl.
Is it net in plaatsje?
Advertinsje Van Wieren
Wy witte it al mear as 40 jier. Foar it oanlissen fan dakdekkingen, sinkwurk, gas, wetter, CV en sanitair geane je nei Van Wieren.
De advertinsje yn de Treffer wie wat min te lêzen. By dizze in rektifikaasje:
Adreswizigingen
Wy hawwe it fermoeden dat net alle SDS’ers in Treffer krije om’t sy harren nije adres net trochjouwe. Dat is fan alle tiden, mar net minder ferfelend. Hawwe je in nij adres stjioer dit dan nei sekretaris@vv-sds.nl.
Harsens derby (2307)
Spitic dat SDS 4 moarn net balje kin. It binne meast de moaiste wedstriden op sneon om nei te sjen.
Never seen a football team so incapable of playing football pic.twitter.com/ZUqUFTeJSu
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) April 5, 2025