Weppers freed 10-4-2026

SDS-League; FC Lollum pakt op ‘e nij in wykpriis!
7 april 2026
Sneon 11-4-2026
10 april 2026
SDS-League; FC Lollum pakt op ‘e nij in wykpriis!
7 april 2026
Sneon 11-4-2026
10 april 2026

SDS 1 – Makkum 1

SDS 1 makket him op foar de lêste fjouwer wedstriden fan it seizoen. Sy begjinne as koprinner en hoopje nei dizze fjouwer wedstriden noch altiten koprinner te wêzen.
Sneon de earste hobbel fan de fjouwer; Makkum 1.
Makkum docht it de lêste wiken net sa gek. It hat de lêste fjouwer wedstriden wûn en stiet boppe-oan yn de 3e-Perioade. Sy steane yn de ranglist 4e op fjouwer punten fan SDS.
SDS 1 is koprinner en hat ien punt foarsprong op Creil/Bant 1. Creil/Bant spilet sneon út tsjin Waterpoort Boys 1.
SDS 1 is net hielendal kompleet. Pieter Sijtsma is ien wedstriid skorst, Lourens van der Pol leit der foar langere tiid út mei in knibbelblessure en Kees Sandstra(blesseard) en Wytze Lanting binne ôfwêzich.
Seleksje:
Mark
Jorrit
Niels
Remco
Gerwin
Tim
Jelte-Pieter
Wiebren
Robin
Gerbrand
Matthijs
Wiebe
Pieter Bouma
Daniel
Ate
Jelmer

SDS 2 – Minnertsga 2   (14.30 oere)

Ien punt ferskil op de ranglist yn it foardiel fan SDS 2.
Dat kinne der fjouwer wurde, sa bliuwe of twa yn it neidiel.
Seleksje: komt der oan.
Oanwêzich: 13:30 oere
Wedstriid: 14:30 oere
Koach: ………………..

Hielpen 2 – SDS 3   (15.00 oere)

Wat SDS 3 oangiet de moaiste útwedstriid fan it seizoen.
Wy begripe wol wêrom.
Seleksje: eltse wike wer in ferrassing.

Oosterlittens 3 – SDS 4 (15.00 oere)

Seis puntsjes stiet Oosterlittens foar op SDS 4, mar hat ek twa wedstriden mear balle.
Sy binne dus moai oanelkoar weage, mar wat seit soks by in derby?
SDS 4 hat der nocht yn, want de seleksje wie dit seizoen noch nea sa gau rûn as dizze kear.
Seleksje: Marco, Jan-Simon, Ronny, Feite, Jentsje, Anne, Robert, Klaas, Mark, Dennis, Jildert, Allert, Jan, Hendrik en Willem.

Ynhelle

SDS/Nijland JO19-1 hat woansdeitjûn ynhelle út tsjin Workum JO19-1 en kreas mei 4-1 wûn. Sneon soe de JO19-1 al om 8.30 oere balje moatte út tsjin SJO Oudega/HJSC/Heeg JO19-1, mar de tsjinstanner hat te min fuotballers. De earste wedstriid foar de JO19-1 is no woansdei thús tsjin Urk.

Tige by tige!

De ôfrûne jierren koe de barman of barfrou op tongersdeitejûn de sleutel fan de kantine en de beurs ophelje by Durk Okkema en Anita. Fanôf juster mei dat by Vera de Vries.
By dizze tige tank, Durk en Anita!

Sponsorjûn VV SDS verplaatst

De sponsorjûn van 16 april zal niet doorgaan. In plaats daarvan komen
bestuur en PR-commissie binnenkort met een alternatief. Houd de site en
de mailbox in de gaten!
Helga
Foarsitter SDS

Abraham

Ald-trainer fan û.o. SDS 1, SDS 2 en de JO19, âld-keeper, soms keeper fan SDS 4 en SDS’er yn ieren en sinnen is fan ‘e wike 50 jier wurden. dat hawwe sy witten yn Easterein. Noch fan herte lokwinske!

Harsens derby (2377)

Net in hiele handige aksje fan de keeper……….