Fuotbal op freed
9 oktober 2025Sneon 11-10-2025
10 oktober 2025Creil-Bant 1 – SDS 1 (14.30 oere)

Creil-Bant wurdt sjoen as de grutte favoryt yn dizze klasse.
SDS 1 docht goed mei en kin yn Creil sjen litte dat se net minder, mar better binne.
Seleksje:
Mark
Jelte-Pieter
Remco
Gerwin
Tim
Niels
Robin
Jelmer
Matthijs
Wytze
Gerbrand
Ate
Pieter S
Lourens
Kees
Douwe en vv Creil
Us haadtrainer Douwe Posthuma hat in ferline by vv Creil as trainer. Yn it seizoen 2012-2013 hat hy dêr trainer west. Creil wie yn 2012 op syk nei in trainer en kaam fia Douwe syn yn Creil wenjende sweager by Douwe út. Douwe eindige dat seizoen mei Creil as 3e yn de 5e Klasse A en gie dêrnei nei vv Nijland as trainer. Hjir bleaun hy 5 seizoenen wêrnei hy nei SDS gie. Wêr ’t wy Douwe earder seagen as mister Nijlân kinne wy him no hast sjen as mister SDS. Douwe is nei in lytse ynterrupsje ynmiddels mei syn 7e seizoen dwaande by SDS.
LAC Frisia 1883 3 – SDS 2 (14.45 oere)
Om 14.45 spilet SDS 2 yn Ljouwert op sportpark de Magere Weide.
Ien punt liket ús wat meager ta, wij gean út fan trije punten.
Koach Bote sil mei minder fêst net tefreden wêze.
Seleksje:
1. Arjen
2. Arnout
3. Auke
4. Ewout
5. Gjelt
6. Jelle
7. Jens
8. Jildert
9. Lieuwe
10. Redmer
11. Sietze
12. Tjitse
13. Wessel S
14. Wessel W
Fertrek: 13:35 oere
Wedstriid: 14:45 oere
Koach: Bote
SDS 3 – NOK 4 (14.30 oere)
Altyd spannend sa’n wedstriid. Earst om te sjen at it wol troch giet en dêrnei op it fjild.
Seleksje:
Wiltsje, Haije, Jorrit, Michael, Joopie, Jelte, Jochem, Gerben, Aiso, Jasper, Doede-Rients en Arjan.
SDS 4 – Oudega 1 (14.30 oere)
In lêzersfraach. Hoe lang is it lyn dat SDS 1 tsjin Oudega lyn spile?
SDS 4 mei no besykje trije punten thús te hâlden.
Seleksje:
Seleksje: Harm-Jan Kamstra, Klaas, Feite, Jentsje, Jildert van der W, Frank, Anne, Dennis, Robert, Ronny, Hendrik de J, Elger, Tsjipke en Willem.
Auke flagget.
SDS 1 – Oudega 1 (1994-1995)
It wie op 17 april 1995 dat SDS 1 en Oudega 1 foar it lêst tsjin elkoar fuotballen yn kompetysjeferbân. It waard 3-1 foar SDS mei goals fan Jappie Wijnia(2x) en Robert Sijbesma. It tafal wol dat Robert Sijbesma moarn by SDS 4 ballet. Wy binne benijd as hy it noch net ferleard is.
Ald-SDS’er Klaas Okkema hat 3 seizoenen trainer west by Oudega 1 fan 2000 oant 2003.
Hendrik de Jong kin him noch heuge dat hy Klaas ris holpen hat mei in keatsklinik oan de spilers fan Oudega 1 doe ’t Klaas dêr trainer wie.

Rabo ClubSupport
Foarsitter fan vv SDS, Helga Develing, mocht juster in alderaardichste sjek yn ûntfangst nimme fan Rabobank Sneek-Súdwest-Fryslân. Allegear tige by tige foar it stimmen en de Rabobank fansels.

Harsens derby (2330)
Knappe aksje…….
I present to you the worse miss in football history pic.twitter.com/3y1ZLCe7NN
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) October 9, 2025


