Weppers 29-6-2024

SDS EK-league-bonusfragen
28 juni 2024
EK-League 30-6-2024
30 juni 2024

Marc van Hiel nije trainer JO19-1

Marc van Hiel wurdt de nije trainer fan SDS/Nijland JO19-1. Earder hat hy û.o. trainer west by vv Oosterlittens 1, Heeg 1 en sc Bolsward 1.
Marc nimt it oer fan Johan Wittermans en Richard de Greef dy’t op it lêste momint besletten om net troch te gean by SDS/Nijland.

Wommels – Nijland

Jûn om 20.00 oere sille de âlde lullen fan Wommels it opnimme tsjin de âlde lullen fan Nijlân.
De wedstriid soe op de Terp balle wurde, mar dêr kin net fuotballe wurde nei dy ferline wike omploege is mei de Wommelser Feesten.
De spilers sille harren omklaaie yn de Jimbar en dan yn optocht nei it sportfjild.
De wedstriid duorret 2×20 minuten en sil dêrnei wiidweidich evalueard wurde yn de Jimbar

Yn oranje

Dirk de Jong mei kollega yn Berlyn

Willem en Pieter Wijnia yn Berlyn

AZ MO17 – FC Groningen MO17

Troch allegear oare drokte hawwe wy net folle oandacht bestede kinnen oan de wedstriid fan AZ MO17 tsjin FC Groningen yn Easterein ôfrûne woansdei. As ien der wat oer fertelle kin dan mei dy wol maile nei willem@vv-sds.nl.

Foarútsjen nei 2024-2025


Nije stân SDS EK-League

As alles wat meisit dan komme wy moarntemoarn mei de nijste stân fan de SDS EK-League.

Harsens derby (2255)

Knappe redding………. fan de skeids……..