Weppers woansdei 24-2
23 februari 2010SDS League: Samme pakt wykpriis!
25 februari 2010Oflast
Der kin sneon maksimaal ien wedstryd spile wurde yn Easterein. Dat sil dan it earste wurde. De rest is thús ôflast. (Durk)
Seal: SDS 1 wint fan Workum 2
SDS 1 hat juster de wichtige thúswedstryd fan Workum 2 wûn. By Workum stie âld-SDS-keeper Broer-Wiebe de Ringh op de goal. Hy moast 7 kear fiskje. Jaap hoefde dit mar 2 kear te dwaan. SDS wie mei nammen yn de earste helte goed op dreef en kaam mei 4-0 foar (2x Freek en 2x Willem). Yn de twadde helte sakke it wat yn en waard it úteinlik noch 7-2. De goals yn de twadde helte waarden makke troch Freek, Tsjipke en Feite.
D’s gjin trainen
De trainers fan D1 (Remco) en D2 (Boudewijn en Jan-Bouke) joue ús troch dat sy hjoed gjin trainen hawwe.
SDS 3 traint jûn net
Ek de trainer fan SDS 3 lit witte dat der jûn gjin trainen is foar de mannen fan SDS 3.
Skaadwedstriid
SDS 1 hâldt der al wer rekken mei dat it sneon neat wurdt mei de kompetysjewedstriid tsjin sc Trynwalden.
Schaduw SDS 1
Kommende sneon het it earste fan SDS in skaadwedstriid tsjin Feanwalden yn Ljouwert om 16.30 op it keunstgersfjild fan Frisia !!!!!
Rene
SDS 1 en 2 jûn nei Snits
SDS 1 en 2 traine jûn beide op it kuenstgers fan WPB. SDS 1 giet om 18.00 fuort en begjint om 18.15 te trainen. SDS 2 giet ek om 18.00 fuort mar begjint om 18.30. Beide traine oan ’t 19.30. Nei it trainen is de kantine yn Easterein gewoan iepen sadat dêr it Europacup-fuotbaljen ek noch efkes sjoen wurde kin.
SDS League
Fannemiddei hjir de nijste stân.
Werom yn Australie
Tsjeard Halbersma hat it wol besjoen yn Nij Seelân. Hij is no werom yn Australie. Sjoch hjir.
Fan 058 nei 0515
Hjoed is de grutte dei. Sjoerd van Beem en Jaap Toering ferhúzje fan Ljouwert nei Wommels. Wa ’t hjoed tiid oer hat kin terjochte op de Master (“Geert”) Hiemstra-strjitte 10.
Risikowedstryd
Ôfrûne sneon wie Douwe-Dirk Reitsma flagger by de risikowedstryd tusken GVVV en Spakenburg yn Veenendaal. Se wienen it dêr net altiten mei him iens. Sjoch hjir foar de bylden nei sa ’n 9 minuten.
Harsens derby (150)
Dizze goal meie wy wol lije (sjoch nei sa’n 20 sekonden). Sjoch de goal ek nochris goed yn de werhelling, want je moat de kop der goed by hawwe om te sjen wat de doelpuntenmakker presys docht: