SDS-League: Germ pakt mei ‘BB’ de wykpriis!
24 september 2025Weppers freed 26-9-2025
26 september 2025Fytssleutel kwyt
Bauke Doornbos fan de JO12-1 is syn fytssleutel ferlern op it keunstgersfjild. Wa’t him fynt mei it wol efkes trochjaan oan willem@vv-sds.nl.
Noch 2
De doelpunten fan SDS 1 komme tidens of nei de wedstriid telâne op Voetbalnederland. Dat is al moai wat jierren sa.
Sa no en dan krije wij in berjochtje, nammentlik at immen hast oan in stêr ta is.
In stjêr krije je at 25 kompetysje doelpunten makke ha.
Wij krije no in berjocht dat Matthijs Postma op 23 doelpunten stiet.
Syn 23ste makke hij tsjin QVC en syn earste makke hij op 14 oktober 2017 tsjin …..QVC.
Yn de LC
Ien fan de pannelleden fan it LC (Ype Haytema) foarsei in 1-1 gelykspul tusken SDS 1 en QVC 1.
Dit wie de reaksje moandei yn de krante
Beker
SDS 1 sit noch yn de beker. Dizze wike wurdt bekend makke tsjin wa ’t SDS 1 it opnimme mei yn de earste ronde. Dizze wedstriid wurdt spile op sneon 18 oktober.
Kantine
Moarn nei it trainen is de kantine fansels wer iepen. In moaie gelegenheid om it Europees fuotbal op it grutte skerm te sjen. De wepmaster sil elkenien foarsjen fan hapkes en snapkes.

Harsens derby (2325)
Huh!
What the f*ck have I just watched pic.twitter.com/5MA1ZjvIFE
— Dirty Footballer (@DirtyFootbaIIer) September 23, 2025



