Weppers 16-10

Weppers woansdei 15-10
15 oktober 2008
Weppers freed 17-10
16 oktober 2008

Wiet
We hebben weer last van veel te veel water.
Alleen het 1e mag trainen, op het trainingsveld achter de sporthal.
Hopelijk houden ze rekening met de situatie op de velden, en gaan ze er voorzichtig me om.
 
DE REST VAN DE TEAMS TRAINT  NIET.
 
vr gr Andre

Fan herte lokwinske!
Durk Okkema is hjoed jierdei!! Fan herte lokwinske!!
Klik
hjir om him ek lok te winskjen!

En de winner wie….
hspace=0 
Bij E4 traine se regelmjittich op strafskoppen. Yn in ûnderlinge kompetysje meie se net in strafskop misse om de deititel binnen te heljen. Johannes Zandvliet wie woansdeitejûn de grutte winner en wij wiene der bij en tinke dat sels superstrafskopkearder Marten Faber (syn omke) net ien keard hie. In prachtige traap en super gekonsintreard 5 efterelkoar deryn bij de fierders prima kearende keeper Niels.

Oefenje
De oefenwedstryd fan SDS 2 giet jûn ek net troch. Ek SDS 2 is jûn frij.

Futsal 2
Juster hat SDS futsal 2 spile tsjin Blauw-Wit ’34 14. Wy binne benijd nei it ferrin fan dizze wedstryd. Mail it nei info@vv-sds.nl!

Búkskowers
De froulju wiene justerjûn optein. Want tidens de training begûn it te reinen. nee te spielen. Dat wie it momint om te trainen hoe je it in doelpunt fiere op in wiet fjild. It bússkowen waard oefene.

Seleksje SDS-froulju
Jan Bouke Bouma hat no de seleksje foar de SDS-froulju al klear foar kommende sneon. Blykber binne der in soad froulju nei de stêd, want it is in miks wurden fan de famkes en de froulju:
SDS DA1  – BLAUWIT 34 DA 2
Deze speelsters doen mee!!!
Anne-Marijke, Janneke, Sjoukje, Myriam de Boer, Cindy, Amarins Tsjalsma, Antje, Tryntje Bouma, Geartje, Anke, Amarins H., Jitske Plantinga, Jildou Jorritsma, Marleen, Annemarije H. en Neeltje de Boer.
De speelsters met de voledige naam komen uit het famkes team. Leider voor zaterdag is Feike Jorritsma. De wedstrijd begint om 14:30 en in de box om 13:45.
Kom allemaal kijken! Het kan een leuke wedstrijd worden!!

Fleskes
Ôfrûne sneon smakke it bier yn de kantine net sa best as oars. Dit hie neat te krijen mei it ferlies fan SDS 1, mar mei in te leech koolzuurgehalte yn de fustjes bier(Heineken hat sa’n 100.000 fustjes werom nimme moatten, nee, net allinnich út Easterein…..). De Skoalleseize skatte it probleem goed yn en skeakele om healwei seizen oer op fleskes! Stoffel kin no noch it hier wol út syn holle lûke dat hy yn Mantgum wie. De tapkes dêr koenen net “tippe” oan de fleskes yn Easterein.

Tips
De soigneur fan SDS 1, Dooitze Nauta hat no alfêst wat handige tips foar de hurdfytsers dy ’t meidogge oan Rûnom Easterein en de organisaasje:

  1. Feroarje de namme yn:  “De Hel fan Easterein” hast mear oansjen, en kans dat de rûnde oer 100 jier ek nog bestiet. Tsjin dy tiid is der de Sjaarda bokaal oan ferbûn.
  2. De spaghetti miel is prima, de tiid wat oan de lette kant. Mei in grauw liif fol iten op de fyts is it min koersen. Dus wat jerder begjinne te iten, bygelyks moarns om 7.00 ûre.
  3. Helm ferplicht
  4. De skonken skeare. Is better foar it moraal, de coureur hat ek minder weerstân fan de wyn. En in oar foardiel is dat it soigneare (oar wurd foar masseare)ek makkelyker is. De measte foutballers litte it hier mar wat groeie. (op Durk nei dan). Freegje mem, wyf (ik kin it ek net helpe dat dit geef frysk is) as freondinne mar efkes hoe at dit dan moat.
  5. De fyts sa licht mogelyk meitsje, sloop alle rommel wat der net op hoecht, der ôf: de fytsbel,lampen en spatskermen. Ek ien rem is genoch. En degene dy op kop riidt hoecht hielendal gjin remmen der op te hawwen. Fytspompen ek thuslitte.
  6. Gjin kauwgom yn de mûle tiidens de koers  Dit jilt speciaal foar Henk en Mark.
  7. Goeie warming up/cooling down. (Dit lêste docht dochs net ien, dus in tip fan neat)
  8. De jûns foar de koers betiid op bêd, en gjin drank. Ek nei de wedstryd gjin bier, is min foar it herstel
  9. By de col fan Itens (it brêgje yn t doarp), de bidon yn de kontbûse dwaen, en by  de âfdaling wer werom yn de hâlder stoppe.
  10. Op de kasseienstrook earne tusken Easterein en Easterein. (wurdt nog oanlein de kommende wiken) yn in sa heeg mogelyke fersnelling der oerhinne ragge, en yn ‘t midden fan de dyk koerse.

Gjin manieren
It mei dúdlik wêze dat sy by PSV de spilers gjin manieren bybringe:


Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl!

Letter miskien mear!