Wepperkes(woansdeitemiddei)

SDS League: De ideale elf
21 april 2004
Wepperkes(woansdeitejûn)
21 april 2004

Wepperkes
Yn ‘e rin fan ‘e dei kinne jimme hjir noch wol wat wepperkes ferwachtsje. Hawwe jimme noch wat foar dizze side; mail dan efkes nei: info@vv-sds.nl
.

Minnertsgea kampioen
Âld-SDS’er Remco Bervoets is ôfrûne sneon kampioen wurden as coach fan 4eklasser Minnertsgea. Wy wolle him hjirby lokwinske. Wy hoopje dochs dat wy him folgend jier net tsjinkomme yn ‘e 3e klasse.

SDS 5 om 12.30 oere
At SDS 5 gelok hat dan kinne sy sneon om 12.30 oere yn en tsjin Blija fuotbalje. Oars moasten sy om 16.30 oere. At sy hjir al mei ynstemme dan sjit al it waarm iten derby yn en kinne sy de earste helte fan SDS 1-Be Quick Dokkum net sjen. Foaral it waarm iten is wichtig at je miskien kampioen wurde kinne.

SDS 2 wint wer
SDS 2 hat justerjûn mei 4-1 wûn fan Oeverzwaluwen. Yn in pot “zomeravondvoetbal” kaam SDS earst mei 1-0 efter. Henk Postma koe de wedstriid in oare draai jaan troch foar de rêst 2 kear te skoren. Nei de rêst koe hy noch 1 kear skore lykas Harm-Auke Dijkstra. Meast opfallende mominten fan de wedstriid wienen de korner fan Henk dy ’t der yn ien kear yngie by de earste(!) peal en de misser foar (hast) in leeg goal fan Donny.

De nije Treffer
At jimme noch wat hawwe foar de nije Treffer dan wolle wy dit graach hawwe foar moandei 26 april. Jimme kinne it maile nei:
deTreffer@vv-sds.nl.

In drege befalling
Sieuwke, de frou fan Frank Rypma, hat in drege befalling hân oansjoen de weeën sneontejûn begienen en sy pas tiisdei befallen is. Foar Frank wie it ek net neat. Sneon waard SDS 2 kampioen. Doe ’t hy sneontejûn om 11 oere thúskaam wienen de weeën krekt begien. Wy hoopje foar Sieuwke dat Frank net al te folle meipuft hat. De dochter dy ’t sy krigen hawwe hyt; Marije.

Alwer 5 jier!
Allegear feestjes fan ‘e wike. De Jimbar bestiet 5 jier en hâldt dit wykein allegear festiviteiten. Harm en Ineke Stremler binne hjoed 5 jier troud. Sy gean jûn út iten.

Gjin hûnen op it fjild

SDS sit der oan te tinken om dit boerd by de Skoalleseize del te sitten om foar te kommen dat der hûnen op de fjilden skite. Miskien is it wat foar Stoffel om mei syn geweer efter in reklameboerd te s(j)itten?

Klaas Malda
Dit berjocht krigen wy fia fia oer Klaas Malda yn Grins. Jimme kinne lêze dat hy gek is op kaarten.

“Klaas syn operatie is goed slagge. Hij leit no hielendal yn de platen en grutte bouten. Dat doarret ek noch wol in pear wike. Op it moment is hy noch swak, net folle energie hat er. Hy prebearet wer in bytsje te iten.
Der is goeie hoop dat it mei syn senuwen en urinebuis wer goed komt maar ek dit moat de tiid utwize.

Kaarten fynt er machtich.

AZG, Klaas Malda A3/k311, Postbus 30001, 9700 RB Groningen.”

It liket my dúdlik wat ús te dwaan stiet!

Neikompetysje seal
Jûn begjint de neikompetysje yn ‘e seal. SDS 1 docht hjir dit jier lokkich genôch net oan mei om ’t sy kampioen wurden binne. Wol is it aardich om te sjen wa at mei SDS promovearret. Jûn spilet WZS 1 tsjin Workum 2 yn Snits om 21.10 oere.