Wepperkes -woansdei-

SDS League: Komt dat schot..! pakt wykpriis!
13 december 2005
Krysttoernoai Frentsjer
14 december 2005

Klaas Okkema stopt
Klaas Okkema hâldt nei dit seizoen op as trainer fan SDS 2. Hy hat dit forige wike bekend makke. It is noch net bekend wa ’t syn opfolger wurde sil.

Klaas Okkema stoppet by SDS 2.

The Battle of the Sexes
Op snein 15 jannewaris sil “the Battle of the Sexes” plak fine. It giet om in follybalwedstriid tusken de mannen fan SDS 1 en de froulju fan COVOS 1. Jim kinne der folgende wike mear oer lêze.

Blesseard
Skelte Anema(SDS 1 en futsal 2) is it wykein blesseard rekke oan syn ankel. It is noch net bekend hoe ’t it liket. Syn poat is no ynteept. 

Liften 2006
Ek kommend jier wurdt der op 1 jannewaris wer liften. Jammer genôch is der dit kear net safolle dielname. Sa ’t it no stiet dogge der 6 koppels mei. De SDS ‘ers binne dit kear Sjoerd van Beem en Jan Stenekes. Dirk-Yde docht net mei. Syn liftster hat ôfsein.

Jan wurd heit!
Jan Stenekes wurd heit!! Fan herte lokwinske! Wy hoopje dat alles wat goed giet. Wy binne tige benijd hoe ’t de lytse poppe der asen út komt te sjen. It sil yn elts gefal Jan syn babykrultsjes wol hawwe. Wy tinke dat it ûngefear sa wurde sil:


Wer nei Dútslân!

Lykas yn 1974 wurdt ek yn 2006 it wrâldkampioenskip fuotbaljen yn Dútslân hâlden. As jimme net witte hoe it doe ôfrûn is mei it Nederlâns alvetal en hoe ’t dit sa koe dan moatte jim Appie mar efkes freegje. Hjir kinne jim sjen wat de hotelkosten fan ’t Nederlâns alvetal doe wie(klik hjir). It is net dúdlik as hjir ek de rekken by sit fan de froulju dy doe yn ’t swimbad west binne…………

Letter mear!