Wepperkes – woansdei –

Wepperkes -tiisdei-
7 juni 2005
Wepperkes – tongersdei-
9 juni 2005

Alles goed en wol
Mei Willem en Richt giet alles goed. Sy berjochte fanôf Kreta dat de sinne waarm is en it bier kâld. Neffens ûnbefestigde berjochten rint Willem de hiele dei yn de koarte broek, wat op sich fansels tige opmerklik is. Wy hoopje der efter te kommen at dit berjocht wier is.

Seleksje kommende sneon
Mei Willem op Kreta falt it fansels net mei om der efter te kommen hoe’t de gearstalling fan de ploech yn Dronryp sneon is. Derom mar in gokje: Harm, Jan Simon, Peter, Remco, Ruurd en Skelte. Mocht it oars wêze dan heare wy it graach.

Al 50!
Der binne minsken werfan je sizze soene dat se hast al 50 binne. Dy 50ste jierdei komt je dan ek hielendal oer it mot. Nei’t no pas bliken docht is Oebele Anema snein 50 wurden.  Dat hiene wy fansels net tocht. Sjogge jim him rinnen, fytsen, stean of sitten lokwinskje him dan efkes. Syn frou Doet is in stik jonger, Dy wurdt sneon pas 50.

Hichteferskil
Juster berjochten wy dat er in opmerklik hichteferskil sit tusken Wommels en Easterein. Fedde Wiersma hat dêr wol in ferklearring foar:
Dat hichteferskil tusken Wommels en Easterein is no krekt de reden dat it fuotbalfjild fan SDS yn Easterein leit en net yn Wommels.

Der kin altyd fuotballe wurde yn Easterein, utsein op de jûn dat Wichard ôfskie nimme wol! Want SDS wol Wichard (noch) net kwyt en dan moat je de goaden wolris fersykje om …..

Ek tafallich
Soms komme je der efter dat in kollega yn it skiere ferline in wichtige rol spile hat ten gunste fan SDS. Ek by de gemeente Snits wurke in eardere doelman fan Hubert Snits. Doe’t ik him konfrontearde mei de kop fan dit artikel wist hy gelyk wêr’t it om gie. In personielsreis op freed (mei de bus nei Paris op ien dei) en sneon ûnder de latten. Dit is dan it resultaat.

Hawwe jim noch nijs? Mail it nei aanthofstra@planet.nl