SDS League: November Rain pakt de titel!
25 mei 2005Puntentelling en prizenjild SDS League
25 mei 2005Wa wol noch mei SDS 2 nei Erica!
Der binne foar sneon noch 12 plakken frij yn ‘e bus nei Erica. It soe moai wêze as wy de bus noch fol krije. It kostet €10,- en de bus fertrekt om 9.45 oere. Je kinne je noch altiten opjaan by:
*Klaas Okkema 0515-332221 of
*Willem Overal 0515-333486
of mail nei info@vv-sds.nl.
Foar minsken dy ’t no noch ôfsizze wurde de kosten al gewoan yn rekken brocht.
Moat wy ek romte oerhâlde foar kratsjes bier?
Wêrom nei SDS?
Der binne wat problemen by sneons-haadklasser Harkemase Boys. Inkelde spilers wolle en inkelden moatte fuort. Spilers fan de Boys moatte no yn koarte tiid plak sykje. Se wolle op heech nivo fuotbalje, mar alle haadklassers hawwe de seleksjes al rûn. Dus komme se út by 1-ste klassers.

Bestjoerslid Roel kin dan ek in protte tillefoantsjes ferwachtsje. Op de fraach wat SDS biede kin foar harren sil it antwurd fan Roel wêze:
Wy kinne gjin jild biede mar wy biede wol in klup dy’t……..
Wy freegje jim ús oan te jaan hokker redenen der binne om foar SDS te kiezen ynstee foar Harkemase Boys:
Wy tinke dat er wol 20 redenen binne.
Al fêst in foarset fan ús:
1. SDS hat gjin sponsorgroep dy’t foar it sizze hat

2. Yn de kantine wurdt gjin evenementen bier skonken
3. Der is net iens in sponsorgroep
4.
Witte jim in goeie reden, mail dy nei info@vv-sds.nl.
Rare stek ûnder wetter?
In spiler fan Nijlân 1 wie net sa wiis mei ús stikje fan juster oer de fergelyking fan NAC mei Nijlân 1. Hjir syn reaksje.
Webmaster,
De fergelyking Nijlan – Nac hald op bij de earste letter dyt gelyk is…..Nac kin utsjen nei Pierre, hat in ljochtpuntsje yn’t foarutsjoch en hoap docht libjen..
Bij Nylan is de, oait sa moaie en fel oranje, horizon swart as de nacht. En stjit d’r in prachtige bokaal mei grutte earen foar us klear, sacht us namme flusterjend, mei iepen eams, oan it ein fan ‘e inktswarte en benauwde tunnel…
…
Ja, de gifbeker, ja…
A.F.
Wy hoopje foar Nijlân mar dat hy net oan ’t de lêste slok leech hoecht……..
P.s. Sneon spilet Nijland 1 om 14.30 oere thús foar de neikompetysje tsjin Balk 1. Tiisdeitejûn is de weromwedstriid yn Balk om 19.00 oere. Balk wûn yn de 1e ronde fan de neikompetysje twa kear fan SC Veenwouden(3-1 en 3-0).
De broek fan Dirk Yde is te plak
De sportbroek fan Dirk-Yde Sjaarda blykt dochs net by de Haitsma’s yn de kast te lizzen. Dirk-Yde lit fanút Skotlân witte dat syn sportbroek gewoan yn de tas siet ynstee fan by syn mem yn de wâskmasjine. Hy kaam der efter doe ’t hy yn Skotlân te sealfuotbaljen soe. Mar goed ek want oars hie Dirk-Yde fêst fan in Skot in kilt brûke moatten om yn te fuotbaljen…….
Noch in Fryske ploech yn de 1e-Klasse?
De kans wurdt hieltiten lytser dat der noch in Fryske klup yn de 1e-Klasse komt nei SDS en BCV. Sawol ONT(0-1 ferlern fan Noordscheschut nei earst lykspile te hawwen(sjoch hjir) as ’t Fean ’58(ferliest nei twa kear 1-1 nei strafskoppen fan SGV) binne útskeakele yn de neikompetysje. QVC giet al troch nei in dûbele wedstriid tsjin VEV ’67.
QVC nimt it sneon thús op tsjin Noordscheschut. Ek de Leeuwarder Zwaluwen spylje sneon thús. Sy nimme it op tsjin SGV. De wedstriden begjinne om 14.30 oere. De weromwedstriden wurde tiisdei spile om 19.00 oere.
Nijs?
Mail it nei info@vv-sds.nl