Wepperkes -woansdei-

SDS League: Haantje de voorste pakt wykpriis.
22 maart 2005
Wepperkes -tongersdei-
23 maart 2005

VOETPAD
Honden aan de lijn.

Sinds kort staat dit bord aan beide ingangen van het voetpad rondom het sportveld te Easterein.

De beheersstichting de Skoalleseize heeft geklaagd bij de gemeente voor te veel overlast van uitwerpselen van honden op en om de velden. Dorpsgenoten die de honden op de velden uit laten. Niets is smerigers wanneer sporters dit weer tegen komen bij het uitoefenen van hun hobby.

De gemeente heeft er dan ook borden gezet waar iederen hondenbezitter zich aan dient te houden.

Waarvan acte.

Beheersstichting

De Skoalleseize.


Ynhelje
Kommende (Peaske-)tiisdei wurde der twa ynhelwedstriden spile yn Easterein. SDS 3 spilet om 18.15 oere tsjin ONS 3. SDS A1 spilet om deselde tiid tsjin de Ljouwerter Sweltsjes.

Jos wer fit?
Jos Zonderland hat in skoftke út de roulaasje west, mar no is ‘ie der wer hielendal en komt der sels kommende tongersdei wer te trainen by it 2e. Neffens hearen en sizzen wie hy al dy tiid net fit. Klik hjir om te sjen wer ’t Jos him al dy tiid mei dwaan holden hat.

Ferslach SDS 1 – Nijlân
Fansels krigen wy ek noch in ferslach fan de wedstriid SDS 1 – Nijlân fan Wichard Deinum. Klik
hjir om it te lêzen. It giet û.o. oer de rêstige tarieding op dizze wedstriid, de grutte kânsen fan Nijlân, it spul fan Wieger Boonstra en fansels oer man fan de wedstriid Remco Brouwer.

Ferslach SDS 1 – Nijlân 1 (2)
Ek op de webside fan Versuiteigenoven.nl fûnen wy in ferslach fan SDS-Nijlân. Lês it hjir en sykje de ferskillen.

By de seleksje
Op ús fraach hokker spiler yn  
in programma boekje mooglik as earste syn debut makket by it Fean of PSV komme dochs wol wat opmerklike reaksjes binnen mei in dúdlike ûndertoan dy’t net pleitet foar van Basten syn ynsjichten.
Fedde Wiersma de ponghâlder fan de Skoalleseize sjocht it sa:
Dat kin mar ien man weze: de nummer 7 fan it fean: Oguzhan Turk.
Wat fierder nijs is: as dizze turk 10 minuten as mear ynfalt by it team fan Gert Jan Verbeek wurdt hy troch Marco van Basten útnoege foar Oranje. Van Basten wol net hawwe dat dizze spilers tiid krije om nei te tinken oer de fraach foar hokker lân oft se spylje wolle.
De bestjoersleden (en harren froulju) hawwe it yn ‘e klaaiboksen fan it Abe Lenstrastadion sneontejun sels sjoen: boppe de stoel fan Oguzhan hinget al in briefke mei de tekst fan it Wilhelmus.

Binne der mear minsken mei in miening, mail ús
info@vv-sds.nl
 
Fraachje
No’t wy dochs mei fragen dwaande binne smite wy der mar wer in echte kwisfraach tsjinoan.
“Hokker 5 klups yn de earedyfysje  hawwe in bist yn harren logo”
De bisten binne: draak, earrebarre, earn, hynder en liuw.
Elke 10-de goeie oplossing krijt fan ús in priiske.

Allinne
Je sille mar trainer wêze fan Ajaks, altyd yn de belangstelling stean, en je wurde ûntslein. Dan fiele je je net lokkich. Net dan binne je wol 
ferdomd allinne.

Riquelme
AZ spilet binnenkoart foar de UEFA-Cup tsjin Villareal. Net in minne ploech. Sy steane ommers 3e yn Spanje en binne al in skoft sûnder tsjingoal yn thúswedstriden foar de Europacup. AZ grutste tsjinstanner liket allinne Juan Roman Riquelme. Útkotst by Barcelona mar dochs noch altiten ien fan de beste fuotballers fan de wrâld. Sjoch
hjir mar.