Wepperkes -tiisdei-
23 november 2004SDS League: Pieter Kamstra rint wer út!
25 november 2004Sealteam 2 wint
Mei 3 mannen en 2 froulju op de tribune en mei Eddy de Boer oan it skoreboerd behelle SDS 2 in prima oerwinning op WZS 1. De mannen út Snits mei in grut WPB gehalte kamen mei 2-0 efter troch persoanlike flaters. Marten Faber en Dirk Yde Sjaarda profitearden dêrfan. Foar it skoft kaam WZS werom ta 2-1. Nei de thee foarspelden de 2 SDS supporters dat SDS it net rêde soe at WZS gelyk kaam. WZS kaam gelyk, se kamen sels foar. Mar de sombere wurden fan de 2 waarden oan de kant setten. Marten Faber makke gelyk, Jacob Klaas en Skelte makken der 5-3 fan. It waard yn de lêste minút noch 5-4. Mei kuenst en fleanwurk bleaunen de 3 punten yn Easterein. De 4 doelpunten fan WZS waarden allegear makke troch Thijs Zijda, spit fan WPB 1.
Be Quick Dokkum 1 – SDS 1
SDS hat justerjûn yn it hege noarden ferlern fan Bie Kwik Dokkum. De einstân wie 5-3. Doelpunten wiene der fan Gert Jan, Hendrik en Skelte.
Net op it fjild
Der stiet freed in oefenwedstriid op it programma tusken SDS 1 tsjin Cambuur A-1. It is de twadde kear yn koarte tiid dat SDS dêr fuotballet. It is lykwols de fraach at de selde spilers fan ferline kear der wol wer ynkomme. Want dit buordsje hinget dêr lâns it fjild.
Net goed yn it fel
Wy kinne ús foarstelle dat sommige fuotballeafhawwers mei in Ajax hert it hjoed net allegear mear sitten sjogge. In opbeurende tekst kin dan in protte dwaan.
Mear fan sokke leuke fryske artikelen kinne je hjir fine.
Sjonge
Wy krigen it berjocht dat der sneon yn Wommels en Easterein in protte songen is foar Sinterklaas en Swarte Pyt. It wie spitich dat er net folle yn it Frysk songen waard. Dochs moatte de Fryske ferskes bestean bliuwe. Dêrom in oprop oan alle lieders. Sjong sneon foar de wedstriid yn de boks of op it fjild efkes in Frysk sinterklazeferske mei-elkoar. De tsjinstanner sil gelyk fan streek wêze en grutte kâns dat it beleanne wurdt mei in oerwinning.
De Fryske ferskes kinne jim hjir fine.