Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei –
16 november 2004
SDS League: De Voortzetting pakt wykpriis
17 november 2004

Primeur
Noch nea earder is it foarkaam dat wy sa snel al ferslagen oer 1 oefenwedstriid(of 2?) krigen. Wy hawwe der ynmiddels trije binnen en jimme kinne se hjir allegear lêze. Se komme fan Hendrik de Jong(tiisdeitejûn 23 oere), Wichard Deinum(woansdeitemoarn 9 oere) en fan ús korrespondint út de Wâlden(woansdeitemoarn 11 oere). Sjoch hjirûnder!

Oefenpot Harkema-Opeinde-SDS(Harkemase Boys-SDS)
“Nei in kwartier hat de skiedsrjochter de saak stillein omdat Harkema-Opeinde tevolle seurde op e skieds. de trainer en de oanfoeder ha nog ff mei de skieds praten en koe it spul wer troch gean….. mar toen hiene de tegenstanders gjin sin meer, dat alles nog op in 0-0 stand!!! Wij ha nog ff kes op it fielt mei de bal oan t pielen west toen we seachen dat de harkemase boys 1 oan e trainen wie op it fielt neast us!!!
Lykele der hinne…… en ja jer, ha we nog 45 minuten tsjin se balle…… utslach 3-1 foar de harrekieten. doelpunt sds wie fan skelte, en beste goalmei goed foarbereidend wurk fan  durk-yde!!!
ik houd u op de hoogte hdj
ps: jir wie it stikje al deinum”

Memorabele avond SDS 1 in de Harkema
Hjir dit kear een net al te kritysk ferslach fan ús fêste skriuwer fan SDS 1, Wichard Deinum. Klik
hjir foar syn analyse.

In jûntsje Harkema

(fan ús korrespondint út de Wâlden)

SDS 1 hat justerjûn in frjemde jûn hân yn Harkema.

Om healwei 8 oere stie de oefenwedstriid tsjin Harkema Opeinde op it programma. De wedstriid hat ûngefear 30 minuten duorre. Doe fûn de skiedsrjochter it tiid om der mei op te hâlden. De spilers fan Harkema Opeinde wiene neffens de skeids “strontferfelend”. Foar de Harekieten it sein om gelyk de kantine yn te dûken, mar foar SDS waard in alternatyf socht. Trainer Lyckle Bleekveld stelde foar om it fjild dêr mar te brûken om in leuke training ôf te hanneljen. Sa barde it earst , mar der kaam ek noch in oare mooglikheid. Harkemase Boys 1 trainde ek op dat kompleks en soms sjogge je dat dingen snel regele binne.

Der waard foarsteld om efkes tsjin elkoar te oefenjen. Sa gie SDS foar ien helte de striid oan mei haadklasser Harkemase Boys. It waard in 4-1 nederlaach. Skelte Anema skoorde.

Op ien jûn oantrede tsjin Harkema Opeinde en Harkemase Boys dat liket ús in echte primeur.


Webside ONT
Net allinne yn Easterein en omkriten wurdt de SDS-side besjoen. Ek yn Opeinde lêze ús webside oandachtich. Hielendal fansels mei it each op de wedstriid SDS-ONT fan sneon. Sjoch hjir
foar de webside fan ONT.

Sinterklaas
Sinterklaas hat fêst noch gjin idee wat der eltsenien jaan sil op 5 desimber. Wy hawwe noch in goeie tip foar him. Sjoch gauris yn ‘e SDS Fanshop. Hjir kinne je moaie tassen, horloges, it jubileumboek en moaie sjaals krije. Bestel gau!

Rektifikaasje
“juster hie ik in stikje skroan fan oer de wedstriid harkemase boys en sds, deryn hie ik del setten dat it 3-1 wurden wie…. mar inderdaad……it wie dus 4-1.
ff de kop der net bij han!! it gong ek allegjer sa snel bij die mannen, dan sjoche je gouwres in doelpunt oer de holle!!
groetenis hendrik”

Idee!!
Op it heden haw ik(Willem) it thús smoardrok mei it hûshâlden dat ik oan in soad dingen net ta kom. Sa as it no stiet komt lytse Pieter freed thús út it sikehûs. Hooplik kin hy my dan wat helpe. Ik hoopje dat it babypakje wat ik foar him kocht haw him past.


En de winner wurdt….
Wy fregen jim om oan te jaan wa’t neffens jim tongersdeitejûn de kwis wint. Wichard set syn jild op Kees. Kâns is grut dat hy Kees dus oanmoedigt, ek al kost him dat syn basisplak.