Wepperkes -woansdei-

Ferslach liftwedstryd
1 januari 2007
Wepperkes -tongersdei-
4 januari 2007

Futsalle
Nei in hiele spannende jûn waard dúdlik dat SDS futsal op doelsaldo troch is  (Balk hie sich ferrekene) en dat SDS fjild troch in lykspul yn de lêste wedstryd krekt net troch gien is. Tongersdei kinne jim mear lêze oer dizze jûn.

Futsalle
Fansels sjogge wij jûn elkenien yn de Trije yn Frjentsjer, foar de foarrondes fan de Midwintercup fan SDS futsal en SDS fjild. 
  

It programma sjocht der sa út
poule fjild tiid wedstriden
3 1 19.30 Marrum SDS-fut
3 1 20.00 SDS-fut Dokkum
21 2 20.15 AVC SDS-fjild
3 1 20.30 Balk fut SDS fut
21 2 21.00 Aengwirden SDS-fjild
3 1 21.15 SDS fut BeQuickDokkum
21 3 21.45 SDS-fjild Black Boys
3 1 22.15 Donkerbroek SDS fut
21 3 22.30 SDS-fjild VIOD

Blessures?
Mei nammen SDS futsal kint wat personele probleemkes. Sawol Dirk-Yde Sjaarda(ankel) as Willem Wijnia(knibbel) hawwe wat mankeminten. Beide dogge sy jûn net mei. Robert Sybesma is harren ferfanger.

Hoe let nei Frentsjer?
SDS futsal fertrekt jûn om 18.45 nei Frentsjer. SDS fjild begjint wat letter en giet om 19.00 dy kant op.

Gjin smoes
Der is foar sneon gjin smoes te betinken om net efkes aktyf te wêzen bij de snertrin. Want it wurd snertrin  sil no ek letterlik nommen wurde kinne. Want neist de snertloop is der no ek in snertrin.
In oantal blessearde spilers, in oantal supporters, in oantal freonen woene wol graach ek efkes aktyf wêze.

Derom om 13.30 oere giet de snertrintocht fan start. In geweldich leuk initsjatyf. Dus sis it fierder. Want wat mear minsken yn beweging wat better it is. It tochtje is sa’n 7 kilometer ûngefear. Dus moai op tiid werom foar de snert en de rest. It is it selde parkoer as de dravers, sadat de ek noch efkes oanmoedige wurde kinne.

SDS lifters
Foar wat it hiele ferhaal fan de lifters net lêze wol, hjir yn it koart efkes de prestaasjes fan ús jonges.

…Jan hie fergetten oppas te regeljen, sadat hij Marije mar efkes meinommen hat, sa moast Sjoerd samar op twa bern passe…..

Sjoerd van B. en Jan S. hawwe it prima dien. In goeie start, in prima ynset, goed ynsicht en fanatyk. Se hiene gewoan pech, grutte pech dat it yn Frankryk net mear goed woe. Sij binne tiisdeitemiddei om 18.00 ûngefear oankommen. Se sieten der aardich trochhinne, dus rekkenje wij mar net op harren foar de snertloop fan kommende sneon.

Sjoerd R. en Jaring R. , better bekind as team Rispens, hawwe mear as oan ús ferwachtingen foldien. Sij hiene ferrassende liften, sij stjoerden de measte sms-kes en miskien ek wol de leukste. Dat se it eindoel net helje soene, hiene wij meinommen yn ús prognoase. Dat se der sa ticht bij binne, jout ús in goed gefoel. Sij hawwe goeie nachten drraid yn hotels en wij ferwachtsje beide oan de start bij de snertloop. De iene as draver en oare as fotograaf.

Yn de belangstelling
De liftwedstryd hat in protte nijswearde. In pear kear in oankundiging mei fermelding fan ús webside op omrop Fryslân levert in protte besikers op.
Sa hiene wij op 1 jannewaris alinne al mear as 300 besikers dy’t noch nea op ús side sjoen hiene. De gegevens fan 2 jannewaris krije wij letter binnen.

Einstân SDS League
Kommende sneon sil op de nijjiersresepsje de einstân fan de SDS League bekend makke wurde. Sa op it ein wie der noch ien grutte ferrassing. Soe Jan Simon Jelsma sneon dochs it PSV-kluplied sjonge???

Nije ynternetsponser
Krekt yn it nije jier hawwe wy wer in nije sponser fûn foar ús ynternetside. It giet om Boersma/Heerma-verzekeringen. Binnenkoart kinne jim dit bedriuw op de side sjen mei in logo. Sjoch hjir alfêst foar in moaie oanbieding foar SDS’ers(klik hjir). 

Petje op petje af
Fansels komme jim nei it rinnen en it draven allegear nei de kantine foar de petje op petje af kwis. Nim wol in pet, hoed, mûtse of in maklik los te meitsjen holledoek mei.

Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei
ús adres.

Letter mear!