Allegear gokjes
1 augustus 2006Wepperkes- tongersdei-
2 augustus 2006SDS op de PC
Grutte kâns dat wij hjoed net folle besikers hawwe, want hiel SDS is yn Frjentsjer. Justerjûn wie Feite de Haan ek al wer foar de radio en it gie fansels ek wer efkes oer ús klupke. Wij hope fansels tongersdei ús eigen ferslach dwaan te kinnen fan de PC mei hopenlik ek wat foto’s.
Fuotbalje of pelote sjen
Tongersdeitejûn kin der wer fuotballe wurde op it iepen WK. It fynt plak op it eardere fuotbalfjild, sadat twa pelote partoeren op de Terp in demonstraasje jaan kinne. It fuotbal begjint om in oere as 7 en it peloten om in oere as 8.
In kâns
Alle jierren jouwe wij Cambuur wer in kâns om ús entoesjast te meitsjen. Dêrfoar besykje wij dan meast de oefenwedstryd dy’t Cambuur yn Frjentsjer spilet tsjin in earedefysjeklup. Ferline jier gie it net troch omdat er in risiko wie. Dêr moasten wij doe om laitsje, want it wie dochs mar in oefenwedstryd!!! Dat de boargemaster ferline jier gelyk hie, dy dit jier wol bliken.
De wedstryd waard nei 20 minuten staakt, omdat in groep healdronken, mar oerferfelende Cambuur supporters Rick van der Berg fan RKC sanedich tasjonge moasten mei ferfelende ferskes. Van der Berg ferlear syn selsbehearsing en sloech in Cambuur spiler del. In flinke slaanderij mei alle spilers wie it gefolch. Dat dy delde ferfelende supporters sanedich it fjild op moasten wie de deastek foar de wedstryd. Wer slaanderij no mei RKC spilers. RKC flechte de boks yn en wij koene teloarsteld nei hûs. Bij sa’n klup komme je fansels net wer. Want tusken sokke healwizelingen is it net leuk stean.
Sjoch hjir foar it ferslach fan in echte Cambuur supporter en mooglik wat foto’s.
Moarn mear!