Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -moandei-
23 juli 2006
Wepperkes -tongersdei-
26 juli 2006

Fuotbalje op de Terp

It wie tiisdeitejûn hyt, mar dochs kamen se fan hein en fier om efkes te baljen.

  • Wij seagen trije bruorren Posthumus wylst heit Appie stie te sjen en ek graach meidwaan woe, mar ien feteraan wie mear as genôch
  • Wij seagen Floris , Tsjipke Klaas en Harm dy’t it keatsgekke Easterein efkes ûntflechte woene
  • Wij seagen Dirk Yde Sjaarda mei prachtich glimmende skuon en dat kaam net fan de sinne
  • Wij seagen Ronaldinho mei de trukkedoaze, Sjevtsjenko mei syn noaske foar de goal, Figo oan it útdagen , van Nistelrooy yn foarm, Mulder te plak en noch folle mear toppers.
  • Wij seagen in Mantgummer en it wie Oebele net.
  • Wij seagen in útdroege Jan dy’t de lytse krekt oan it boarst hân hie
  • Wij seagen Kees Adema dy’t syn lêste training ôfwurke foar de Jongfeintenpartij
  • Wij seagen Wesley as in fersterking foar SDS
  • Wij seagen Sjoerd moai op tiid en Sjaak wol wat let
  • Wij seagen oan Pieter Groenveld dat hij heger op wol
  • Wij seagen in protte publyk en ferwachtsje dat de loempias’s nije wike in kwartsje djoerder binne.
  • Wy seagen Willem Overal oan ’t skouten foar it 1e sealteam.
  • Wy seagen heit Haitsma om te sjen as syn soanen der ek wienen.
  • Wy seagen Pieter Veenje as wissel op de bank. Hy kaam der net yn.
  • Wy seagen dat Harm Stremler al wer aardich meidwaan kin nei syn blessure.

  • Wy seagen Arriva ferskeidene kearen del kommen mar Gearard, Hendrik, Daan en Jelle binne noch net werom út Amsterdam.
  • En wij seagen dat Hendrik Enbrenghof thús brocht waard mei in seare poat. Tige tank Sybren.

En wij sjogge se allegear tongersdei graach werom op it traapfjild yn Wommels (foarhinne it fuotbalfjild).

Kompetysje-yndielingen Futsal
It is der noch gjin waar foar, mar ek de kompetysje- yndielingen foar de sealfuotballers is rûn. Klik hjir om se te besjen.

Bekeryndielingen futsal
De 3 sealteams fan SDS dogge kommend seizoen ek wer mei yn de beker. De opset is wer ris wat feroare. It is no krekt sa as op it fjild dat alle teams yn in poule fan 4 begjinne. Dit binne de poules fan SDS 1, 2 en 3:

1 Nij Engwier 1
2 SDS 1
3 RES 1
4 Oeverzwaluwen 1
1 MKV’29 2
2 Workum 2
3 SDS 2
4 Friesland 2 / Runia Installatiebedrijf
1 Friesland 3 / Café Coby
2 Workum 3
3 SDS 3
4 MKV’29 3

Sjoerd en Hampie gean futsallen
By de sealfuotbalteams is der net folle feroare yn de teamgearstalling. Allinne by SDS 2 en 3 is der wat feroare. Jacob-Klaas Haitsma is stoppe en Sjoerd Rispens is taheake oan de seleksje fan SDS 2.
By SDS 3 is Ferry Duipmans stoppe en komt Harm-Auke Dijkstra derby.

Iepen noch wat
Yn Easterein wie dit wykein it iepen FFFF. Hoe’t de trije dielnimmers it der ôfbrocht hawwe, kinne jim
hjir sjen at jim it lêste artikel op dy side lêze.

10 jier

Marco Weijer hat woansdei syn earste krúske ek te pakken. Hij wurdt 10 jier. Fan herte lokwinske.

SDS League
Nei de simmer sille wy wer in nije SDS League begjinne. Wy sille de puntentelling fan de VI Competitiemanager oanhâlde. Klik hjir om te sjen hoe ’t dat yn syn wurk giet. Op dy webside kinne je ek fêst in team gearstalle.