Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
14 februari 2006
Wepperkes -tongersdei-
15 februari 2006

Futsal 1 en 2
Sawol SDS 1 as 2 spylje jûn beide thús. SDS 1 spilet om 20.30 tsjin Urk en SDS 2 spilet hjirnei om ûngefear 21.30 tsjin Heerenveen 3. Om ’t de wedstryd fan SC Heerenveen tsjin Steaua Boekarest wierskynlik foar de rêst al beslikke is kinne jim moai efkes yn de Greidhoeke sjen.

Futsal 3
SDS 3 spile justerjûn wer ris in derby. Hjir it ferslach fan Hendrik Okkema:

Justerjun hat SDS 3 tsjin en yn Workum ferlen mei 5-4
Nei in skiedsrjochter fan de tribune plukt te hawwen die bliken dat dy beste man Workum goed gesint wie troch in pear dubieuze beslissingen te nimmen. Op in stân fan 4-4 krige Workum mei noch 30 sekonden op de klok in pingel en die waard ús fataal. Jacob scoorde 4 keer mar dat wie dus krekt net genôch.

Moai yn ‘e prizen
Sneon gienen alle prizen yn de lêste ronde fan it draaiend rêd nei de steantafel wer ’t Jan Stenekes oan stie. Om ’t Jan krekt jierdei west wie(noch fan herte!) gie it praat yn de kantine al gau dat syn maten him 100 bontsjes foar it draaiend rêd op de jierdei jûn hienen. Dit wie net it gefal. Eltsenien oan Jan syn tafel hie in priis…………..behalve Jan!
 

Al it lekkers fan Lolke Bouma gie oan Jan syn noas foarby….

Babos
27 coaches yn de SDS League hawwe Gabor Babos op ‘e goal setten. Dit like net in minne set. It docht no allinne bliken dat hy der 6 wiken út leit. Yn foardiel…….hy kriget  gjin goals om ‘e earen.

Heerenveen-mopke
Wy wolle net dat minsken tinke dat wy allinne mar pro-Heerenveen binne, dêrom hjir in mopke oer SC Heerenveen:
WAT IS HET VERSCHIL TUSSEN SC HEERENVEEN EN EEN PAKJE KAARTEN,
In een pakje kaarten zitten maar 4 Boeren

Okocha
Nigeria kaam foarige wike net fierder as de lêste 4 by de Afrika-Cup. Miskien hie Jay-Jay Okocha toch in basisplakje hawwe moatten. Sjoch hjir wêrom.

Letter mear!