Wepperkes -woansdei-

Wepperkes -tiisdei-
30 januari 2006
De SDS-band!
1 februari 2006

F-pupillen
Op 3 maart begjint de kompetysje foar de jeugd. Wij krije fan Jappie Wijnia troch dat er no 44 F-pupillen binne. Dat soene der 45 wurde moatte, omdat dan alle ploechjes 9 spilers hawwe. Dus wa wurdt it 45 ste F-pupiltsje? Oanmelde kin fia
dizze link.

Treffer is út
De problemen mei de hechtmasjine binne oplost. De Treffer leit sûnt jûn bij de besoarchadressen. De kommende dagen kinne jim him temjitte sjen. Foar de fuotbaljende leden sit er in formulier bij wat tekene wurde moat en ynlevere mei in pasfoto. Eddy it B(estj)oer rekket der op dat jim dat allegear sa gau mooglik dogge.

Oefenje?
Anne Brouwer sil sjen as hy foar SDS 1 noch in oefenwedstryd regelje kin foar tongersdeitejûn. Slagget dit net dan sil SDS 1 dan gewoan traine.

Trainingskamp
It docht bliken dat Oranje Nassau Grins spesjaal op trainingskamp west is foar de wedstryd fan kommende sneon tsjin SDS 1. Klik hjir om te sjen hoe ’t dat gie…..
It bliuwe nuvere lju dy Grinsers.

Flugger kin net
Noch foardat de Treffer yn de bus fallen is, binne de earste trije formulieren mei foto’s al besoarge bij Aant. Henk, Mark en Johan  wolle der wis fan wêze dat se takem jier wer fuotbalje en sy hawwe it al foarelkoar brocht. Klasse bruorren Postma!!!!
Wij binne benijd welke ploech alles it earst ynlevere hat. Ynleverje kin bij Eddy of Aant.

Sjogge jim it noch sitten?
Yn dizze drege fuotballeaze tiden falt it fansels net mei de moedfearren der yn te hâlden. Troch de winter yn de grûn, it tinne iis op de fearten rûgelje wij fan de iene dip nei de oare.  Gelokkich is der in oplossing. At je it noch in goeie wike fol hâlde kinne dan kinne jim op 11 febrewaris nei it antidepressiva festifal yn Wommels. Wat je dêr ferwachtsje kinne , sjogge jim
hjir.

Futsal
Ek in goeie gelegenheid om efkes út de dip te kommen is it besykjen fan it futsallen op woansdeitejûn. Ek jûn wurdt er wer balle. SDS 3 en SDS 2 moatte
thús.
SDS 1 moat al betiid op de jûn nei FFS en elkenien wa’t de kwis besocht hat, wit no wêr ’t dy wei komme.

De SDS-Band
Fan Ate-Feike de Boer krigen wy in moaie tip. Der blykt yn Iran(!?) in band te wêzen dy ’t lústert nei de namme…. SDS-Band. Fansels binne wy hjir tige nijsgjirrich nei en gienen wy op ûndersyk. Jûn hjir it rissultaat.

Wa is dit?
It liket er betiden wol op dat wij Cambuur boykotte. Dat is perfoarst net sa. Wij hawwe sels efkes yn it eigen archyf sjoen, kamen telâne yn 1971 en seagen dêr in foto fan ús favoryt. Wa wie dat? Mail it antwurd nei dit
adres.