Wepperkes -woansdei –

Wepperkes -tiisdei-
24 januari 2006
Wepperkes -tongersdei-
25 januari 2006

Fred, Willem of Lolke
“Sjong de earste twa sinnen fan it klupliet fan Fortuna.”
“Wat wie de titel fan de top 40 hit fan Johan Cruyff”
“Wa skreaun “geen woorden maar daden”
Samar wat fragen oer muzyk en fuotbal. De kâns dat dizze fragen kommende freedtejûn steld wurde, skatte wij op 50 %.
Freedtejûn stride Fred, Willem en Lolke yn Jimbar yn Wommels yn dizze earste muzyk-fuotbal kwis.
Mei libbende muzyk fan
Tjeerd Abma en ûnder lieding fan (D)aan(t).
It begjint 21.30 oere en fol is fol dus kom op tiid.
 

Spilerspas
Kommend jier moatte alle spilers fanôf de D-s in spilerspas hawwe. Foar it bestjoer (Eddy de Boer ) betsjut dat hij der foar soargje moate dat alle spilers in formulier ynfolle moatte en twa pasfoto’s ynleverje.
Bij de kommende Treffer sit in formulier om de oanfraach te jaan. Wij hoopje dat elkenien sa gau mooglik foldocht oan it fersyk.
De formulieren kinne ynlevere wurde yn Easterein bij Eddy de Boer en yn Wommels bij Aant Hofstra.

Oefenderby
De oefenderby tusken SDS 1 en Easterlittens 1 gie justerjûn net troch. No sil SDS 1 kommende sneon in oefenderby spylje. Om 17.00 oere wurdt der op it kuenstgêrs fan it Cambuur-stadion oefene tsjin Nijland 1.

Ek op kuenstgêrs?
SDS 2 sil sneon oefenje tsjin Oudega 1. Is it fjild yn Âldegea net goed genôch dan wurdt der yn Harns fuotballe op kuenstgêrs. Dit begjint dan om 13.30.

Gie net troch
SDS 3 soe justerjûn oefenje tsjin SDS 4. Dit gie net troch. SDS 3 hat al efkes traint.

Topfysio
It wie al lange tiid oankundige, mar no is it dan dochs sa fier. Topfysio hat de doarren iepene yn it sport en sûnenssintrum fan Veronique Akkermans oan de Walperterwei yn Wommels. It folgende berjocht krigen wij dêroer:
De voorlopige openingstijden zijn: maandag en woensdag van 14.00-17.00 uur, dinsdag van 18.00-22.00 uur en donderdag van 15.00-20.00 uur.
Website:
www.topfysio.nl.
 
Voor afspraken (kan nu zonder tussenkomst van de huisarts): tel. 058-8446222 of 06 27034504

Fraagje
Keimpe Meyer kaam mei in leuke(mar moeilijke) fraach foar de webside. Hjir komt dy:
NEC hat in spiler huurt fan Manchester United. Dit is David Jones. No spile der yn de jeugdoplieding fan Manchester United (yn de tiid dat Beckham dêr ek yn siet) jieren werom ek in Jones. Dit wie Ryan Jones. Wêr spilet dizze fuotballer no ? Mail it antwurd nei info@vv-sds.nl! Wy binne benijd.

Mopke
Danny Blind belt met Erwin Koeman en vraagt aan Koeman: “Hoe doe jij dat nou met jouw mannen. Ik bedoel: waarom doet Feyenoord het zo goed?” “Nou, dat is niet zo moeilijk, ik laat ze regelmatig tegen elf etalagepoppen trainen, ze schoppen er een stuk of elf in en de moraal vliegt omhoog.” “Oke, zegt Danny Blind. Dat ga ik ook eens proberen.” Twee dagen later belt Danny Blind Erwin Koeman weer op en zegt tegen Koeman: “Nou heb ik hetzelfde met de mannen gedaan als jij, maar wat moet ik nou doen als ze met 2-0 achter staan?”