Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
15 februari 2006
Wepperkes -freed-
17 februari 2006

Futsal: SDS 1 sneu ûnderút
SDS 1 hat juster ferlern fan Urk mei 3-2. Wylst der thús fuotballe waard moast der mei de bal fan Urk fuotballe wurde om ’t de bal fan SDS net goed genôch wie. Dit foldie SDS best. SDS kaam mei 2-0 foar. Krekt foar de rêst waard it 2-1. SDS wist mar net te skoren. Knappe kombinaasjes en aksjes wisselden elkoar ôf mar de keeper fan Urk stie hiel best te keepen. Urk skoorde helaas noch al 2 kear. Hjir it wedstrydferrin neffens tiidwiernimmer Rienk Wiersma:
15e minút: Willem 1-0
16e minút: Tsjipke 2-0
22e minút: Urk peal
23e minút: Urk (2-1)
26e minút: Willem gele kaart
30e minút: Urk 2-2
40e minút: Urk 2-3.
Goeie keeper Urk!
In soad kânsen foar SDS!

Futsal: SDS 2 wint wer
SDS 2 wie oan syn stand ferplicht om fan SC Heerenveen 3 te winnen. SC Heerenveen stiet ûnderoan en hie noch mar 3 kear wûn(wêrfan ien fan SDS). It waard dit kear in simpele oerwinning foar SDS 2 wêr ’t Jappie Wijnia syn debút makke as keeper yn de seal. Hjir it skoreferrin:
5e minút: Dirk-Yde 1-0
13e minút: Tseard H. 2-0
16e minút: Dirk-Yde 3-0
17e minút: Heerenveen 3-1
23e minút: Dirk-Yde 4-1
29e minút: Hendrik de Jong 5-1
37e minút: Heerenveen 5-2
41e minút: Tseard B. 6-2
46e minút: Skelte 7-2
(mei tank oan Rienk Wiersma)

Super!
No ’t SC Heerenveen justerjûn op de tillevysje wie, kamen der net folle supporters ôf op it sealfuotbaljen. Wy woene degenen dy ’t der al wiene hjir efkes bedanke. Dus Freddy, Sicco, Erwin, Klaas(by SDS 1) en Bertus en Jan(SDS2) moai dat jim der efkes wienen. Super!

Oefenje
SDS 1 hat sneon frij wat de kompetysje oanbelanget. Wol sille sy heechstwierskynlik oefenje tsjin Be Quick Dokkum.

Nij skoreboerd
De gemeente heeft de aanvraag en sterkteberekeningen van het nieuw te plaatsen scorebord van SDS goedgekeurd. De constructie kan nu gemaakt worden en het scorebord besteld.
De “Skoalleseize” zal e.e.a. dan zo snel mogelijk plaatsen.

Raar ûngelokje
Gerrit Hingst(SDS 3) hat it wykein wat in raar ûngelokje hân wêrtroch hy de kommende wiken net fuotbalje kin. Wy winskje him betterskip ta! In kaartsje sil der fêst op priis stelle. Hjir kin se hinne: 

Gerrit Hingst
De Streek 5
8734 GR Easterein

Sneller
Lokkich genôch is Gerlof Veldstra op it fjild wat sneller(klik hjir).

Ik tocht it net
De rivaliteit tusken de fuotbalklups yn Ingelân is grut. Dit wurdt je fan jongs ôf oan al by brocht. Sjoch
hjir mar.

In wepperke
Wij as wepmasters binne altyd op syk nei wepperkes. Wij besykje ús eagen en earen skerp te hâlden. Wij binne fansels ek bliid dat jim ús sa no en dan in tip jouwe.
Der binne ek guon dy fiele fan te foaren al oan dat in bepaald foarfal wolris in wepperke wurde kin. Sij tippe ús dan sels yn de hoop dat wij der net in flaue grap oermeitsje. Wij respekteare dat fansels.

Opfallend
Sommige SDS-ers dogge oan alle fuotbalspultsjes op ynternet mei. De SDS – leaugue, de LC coach, it Ad klassemint, de Vi leaugue en sûnt koart it amateurvoetbalspel.
Sommigen dogge der ek fan alles oan om boppe yn mei te draaien. Se skriuwe harren meardere kearen yn. Sa stie der juster neffens Bas van der Weij ien namme trije kear yn. Helaas witte wij net at it wier is, want justerjûn koene wij it net mear fine.

Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei
info@vv-sds.nl!