Wepperkes – tongersdei-

Wepperkes – woansdei –
8 juni 2005
Wepperkes -freed-
10 juni 2005

Jierdei
Snein is it feest by huze de Jong. Hendrik wurdt 23 jier. Al fêst fan herte lokwinske.

Leuk gebaar
De jeugdkommisje hie dit wykein in aardige ferrassing foar harren meiwurkers dit seizoen. In lekkere sûkerbôle fan de echte bakker as tank foar it lieden, trainen,  fluitsjen ensf.
Klasse!! Ik wit immen dy’t gelyk wer foar in jier bytekene hat om te fluitsjen op sneontemoarn 9 oere by in e 7 tal.

Race
Sa’t jim witte hat immen út Wommels wol wat mei lisfytsen. Moatte jim dêr neat fan ha, dan soene wy oanriede wolle  dit stikje oer te slaan. Foar dy gene dy’t wol ris witte woll wat er allegear te krijen is op dat mêd ferwiis ik jim nei dizze link. In grut ferskaat oan lisfytsen op it sirkwi fan Zandvoort.

Neibouwers
Om de simmer wat te fullen mei nijs hawwe wy ferline jier it krânsenklassemint ynsteld. Wy joegen dêr ek mei oan dat it by SDS net allinne om fuotbal giet. It klassemint libbe wol aardich tusken de verskillende famyljes en húshâldings. En sa’t it wol faker giet mei leuke ideeen, wurde se maklik oernommen. Bah.

Moaie foto
Konsentraasje yn de sport is tige wichtich. In moaie foto meitsje wêr yn dy konsintraasje sit, is hielendal geweldich. Bygelyks dizze foto.

Wachtwurd
Oeral moatte je tsjintwurdich wachtwurden foar brûke. Je kinne ek net oeral de selde brûke. Dus moatte je wat betinke. Sels hawwe y de folgende ssytematyk. Wy brûke in lichemsdiel. Wy binne boppeoan begûn en binne ûnderwiles sakke oant de mul ta. Doe krigen wy lykwols in melding dat er wat mis wie

Hawwe jim noch nijs, dan graach maile nei aanthofstra@planet.nl