Wepperkes -woansdei-
22 maart 2005Durk yn San Siro(diel 2)!
24 maart 2005Futsal: SDS 1 makket ferlies fan forige wike goed.
It goed opkommen publyk, dat wat geduld hie, waard beleanne. SDS wûn mei 10-4 fan Extador. De skeids wie wat let, mar dat hie gjin ynfloed op it nivo fan de doelpunten.
De wedstriid begûn al mei al sa ’n trije kertier te let(“sil je ris op tiid nei hûs………”). De measte spilers hienen al sa op de goals oan’t rammen west dat sy knap lam yn ‘e fuotten wienen. Foaral Exstador like hjir lêst fan te hawwen. Út waard SDS 1 noch fuortspile troch de Harnsers en no wie it spulbyld (meastentiids) oarsom. SDS kaam al gau 3-0 foar, mar krige it noch efkes dreech doe ’t it foar de rêst noch 3-2 waard. Doe ’t Willem inkelde sekonden foar de rêst dochs noch 4-2 makke wie de wedstriid spile en koe SDS úteinliks noch útrinne oan ’t 10-4(Doelpunten:Robert 3, Willem 3, Harm 2 en Feite 2).
Folgende wike is SDS 1 frij. Op woansdei 6 april spilet SDS 1 thús tsjin titelkandidaat FFS.
Age Tichelaar leit oan Jan Simon út dat hy wol op de foarline stean wol, mar net fluitsje mei…
By it skoft stie SDS wol foar, mar Willem O. wie der net gerêst op….
Futsal: SDS 3 wint.
SDS 3 mocht efkes letter begjinne trochdat SDS 1 sa let begûn wie. SDS 3 wûn mei 4-3 fan Haskerland 7.
SDS 3 spilet folgende wike út tsjin Haskerland 7.
De tomme fan …….wiist nei syn ploechgenoaten dy’t wol in warming up dwaan wolle.
De jonges fan Haskerland 7 woene de punten wol yn Easterein litte, mar dan moasten se wol op de foto.
Op de foargrûn Tsjerk en op de eftergrûn Hindrik. Sy riede harren op de selde wize ta. Mei de hânnen oerelkoar.
Gjin ferskil!
Fan ‘e wike koenen jimme genôch ferslagen lêze oer de wedstriid SDS-Nijlân. Neffens Enne J. Bruinsma ferkillen de ferslagen net bot fan elkoar. Hjir syn mailtsje;
“It ferslag fan nylan is in it frysk wieger sien ferslag yn it hollansk fjider is der gjin ferskil”.
Enne J. Bruinsma
Rêstich!
Foar de kommende derby fan SDS 1 tsjin Waterpoort Boys fan kommende sneon is it al like rêstich as foar de derby tsjin Nijlân. Of soe dit in nije taktyk wêze. Hawwe jimme noch nijs, mail it nei info@vv-sds.nl.
Te betiid juiche!
It sit der dik yn dat PSV dit seizoen kampioen wurdt. Jappie, Jan-Simon, Hampie en Gert-Jan binne de kampioensflagge al oan ’t striken en skriuwe de útnoegingskaarten al foar it kampioensfeest(“oars komt der dochs gjin kyp”). Wy hoopje dat sy te betiid juiche lykas hjir.
Logofragen
Selden krigen wy safolle reaksjes op ús fraach oer de logo’s. Jim kinne hjir lêze wa’t it ynstjoerd hat en wat wy dêr fan fûnen. Snein komt er wer in sportfraach.
Komplimenten
Klaas Pompstra wie goed te sprekken oer C2. De lieder fan C2 fynt dat fansels prachtich: