Sealtoernoai
Op sneon 29 desimber is der jûns fanôf 19.00 in sealtoernoai foar alle senioareleden fan SDS en de A- en B-junioaren. Wy hoopje op in soad dielname. Jim kinne jim opjaan by Durk of Willem.
Traine
Jûn wurdt der noch troch ien team traint. Hylke Schrale sil mei de spilers fan SDS 2 foar de lêste kear traine yn 2007. It begjint om 19.00. Wy tinke dat it “apekoai” wurdt.
Siik
Aant syn ôfweersysteem hat fan ‘e wike ek al winterstop naam. Dit berjocht krigen wy fan Aant syn dochter, Anne-Marije:
Berjocht van Aant:
Switte
Dommelje
Sliepe
Aant het lest fan in fikse griep, net/nauwliks oansprekbaar…Mail lese is sels al te dreech, dus fandear.
Groetnis,
Anne-Marije
Wy winskje him betterskip!
Klaverjasse
Gjin inkel team fan SDS hoeft sneon te fuotbaljen en ek al it oare fuotbaljen is alfêst ôflast troch de KNVB sadat eltsenien sneontemiddei in kaartsje lizze kin yn de kantine. It klaverjassen begjint om 15.00.
De winter yn
Echte trienen
Cassano kriget in giele kaart foar Sampdoria tsjin Fiorentina en kin folgende wike net meidwaan yn de wedstryd tsjin syn âlde, grutte leafde AS Roma. Cassano is net te treasten(klik hjir).
Ladysnight
Wy misten Hester, Anneke en Vera(klik hjir).