Wepperkes tongersdei 15-12

Weppers woansdei 14-12
14 december 2011
Weppers freed 16-12
15 december 2011

Kantine net iepen
Fanwege de berjochten hjir ûnder is de kantine jûn net iepen.

SDS 2
Jûn kin der net traind wurde y.f.m. it wiete fjild. Heechstwierskynlik giet it sneon net troch, mar dit is net wis. Nei sneon is it sawiesa winterstop.
Johan

SDS 3
It tredde traint jûn ek net en is dus fry.
Groeten Jan

SDS-sealtoernoai foar D-pupillen
Sneon 17 desimber is it safier, dan wurd it:
A.Hak sealfuotbal toernoai
foar D-pupillen spile.
Der dogge 40 D-pupillen mei , dus de kompetysje is dreech.
Wa giet sneon mei de smoar yn nei hûs en wa mei de priis?
Kom sneon allegeare sjen.
Spilers moatte om 08:50 oere oanwêzig wêze!
Gr. Bote, Jurjen, Foeke, Ruurd en Hans.

Rektifikaasje
Der stiet yn it ferhaaltsje by de SDS-league dat dy nog nea 2x troch deselde wûn is, mar ik ha de SDS League al 2 x wun. Op de ranglist op de webside mei winners stjet in fraachteken bij it jier 1998/1999. Dat jier haw ik him wûn. Ik wit noch dat ik ien fan de ienigsten wie dy ’t Ruud van Nistelrooy der yn hie. Dy kaam dat jier oer fan SC Heerenveen en skoorde yn ‘e earste wedstriden bij PSV neat. Pas doe ’t de SDS-league begie kamen syn easte doelpunten en hie ik de easte 3 wiken de wiikpriis en uteinlijk it totaal klassemint.
groeten Hendrik de J.
Fansels leauwe wy Hendrik op syn wurd, mar it bewiis ûntbrekt. It bliuwt dêrnêst frjemd dat Hendrik dizze einstân net mear boppe syn bêd hingjen hat.
Hendrik sil no syn bankôfskriften neisjen………

Harsens derby (635)
In cricketwedstryd duorret by tiden skoften en skoften. Dizze manlju steane dan ek dúdlik te sliepen: