Wepperkes -woansdei-
2 januari 2007SDS-ers hjoed op sportive toer
4 januari 2007Ut de loft
De webside wie hjoed in grut diel fan de dei út de loft. Hoe’t dat kin dat witte wij ek net. Wij sieten ek mei de hannen yn it hier (Willem) en yn it burd (Aant).
Op nei De Kuip!!
Oer inkele dagen folget der nijs oer it tripke rjochting dè havenstêd van Nederlân.
Futsal yn de Trije
Marrum | – | SDS-fut | 1-2 | Tsjipke, Peter |
SDS-fut | – | Dokkum | 0-1 | |
AVC | – | SDS-fjild | 1-1 | Hendrik |
Balk fut | – | SDS fut | 1-1 | Tsjipke, Peter |
Aengwirden | – | SDS-fjild | 1-2 | Johannes, Erik |
SDS fut | – | Be Q. Dokkum | 3-0 | Skelte (2), Robert |
SDS-fjild | – | Black Boys | 1-1 | Tsjalling |
Donkerbroek | – | SDS fut | 1-3 | Robert (2), Marten |
SDS-fjild | – | VIOD | 1-1 | Hendrik |
Troch de boppesteande útslaggen is SDS futsal troch en kaam SDS fjild in oerwinning te koart.
Op 13 jannewaris 2007 treedt de futsal ploech oan yn de folgende ronde.
Op 13 jannewaris 2007 treedt de futsal ploech oan yn de folgende ronde.
Spanning
Justerjûn om 22.30 oere sieten alle SDS-er op it puntsje fan de bank om twa wedstriden tagelyk te folgen. Want SDS futsal wie útspile en wie ôfhinklik fan it resultaat fan Dokkum en Balk. Bij in gelykspul soene dy beide ploegen trochgean en wie SDS útskeakele. Mar Dokkum dat ek bij ferlies trochgean soe, die mear as de sportive ploech en wûn mei 1-0. Foar Balk in bittere pil, omdat se sels yn de ferûnderstelling wiene dat se mei in lytse nederlaach ek troch gean soene. (Se spilen yn de lêste minuten de bal lekker rûn sûnder nei foaren te fuotbaljen)
Tagelyk spile SDS fjild de lêste wedstryd, dy moasten se winne. Dat like der lang op mar nei wat giele kaarten gie it hielendal mis. SDS wûn net.
Útslagen foarrondes Midwintercup
Alle útslagen fan de foarrondes fan de Midwintercup kinne jim fine op www.drs.vijfje.nl/midwintercup.
SDS Froulju
Oan ’t no ta binne der 11 froulju dy ’t harren opjûn hawwe foar it frouljusfuotbaljen by SDS. Genôch dus foar in alvetal, mar noch net genôch om mei dit team yn de kompetysje út te kommen. Binne je ynteresseard om ek by de SDS-froulju fuotbaljen te kommen, klik dan hjir en meld je oan.
Lifters
Op tongersdeitejûn om 19.00 oere hawwe de lifters it eilân yn de Atlantyske Oseaan ferlitten. Sy binne ûnderweis nei hûs. Sij hoopje freedtemiddei bij Jimbar yn Wommels oan te kommen. Foar it lêste nijs kinne jim hjir sjen.
Sneon
Moarn jouwe bringe wij it hiele programma fan sneon nochris yn byld. Witte jim noch guon dy’t net ynternet hawwe en dochs graach in eintsje kuierje wolle, jouw dan al fêst troch dat er sneontemiddei in kuiertocht is fan sa’n 6.5 kilometer. Dat begjint om 13.30 oere.
Moarn jouwe bringe wij it hiele programma fan sneon nochris yn byld. Witte jim noch guon dy’t net ynternet hawwe en dochs graach in eintsje kuierje wolle, jouw dan al fêst troch dat er sneontemiddei in kuiertocht is fan sa’n 6.5 kilometer. Dat begjint om 13.30 oere.
Nijs
Hawwe jim nijs, leuke tips en oars wat mail it nei ús adres.
Truuk fan ‘e wike
Mooglik komme wy binnenkoart mei in nije rubryk. Dit is de rubryk “de truuk fan ‘e wike”. It is de bedoeling dat mei namme de jeugd it wat oppakt en it thús of op trainen ek ris probearet. De âldsjes meie it ek probearje mar doch it net allinnich foar it gefal de fuotten út de tizen helle wurde moatte. Hjir alfêst in prachtich truukje fan Ibrahimovich(ex-Ajax)(klik hjir).
Harsens derby(47)!
Dizze spiler yn it blau klaut efkes efter syn earen(of oan ‘e kont) nei it sjen fan sa ’n lange earm.