Wepperkes -woansdei-
1 augustus 2006Wepperkes -freed-
3 augustus 2006SDS aktyf op de PC
It wie in heuglike dei foar SDS. Mar leafst 5 spilers aktyf. De fraach wie fansels hoe folle earsten se bijelkoar keatsten:
- Jacob Klaas Haitsma stelde teloar: hij wie der wol let ôf mar dat hie te meitsjen mei nr 16 op de list. De prestaasjes fan it hiele partoer wiene matich. Hij koe mar ien earst leverje oan it klassemint.
- Marten Faber: Mei syn skitterjende SDS sokken foel hij seker op. Sij koene net foar in echte ferrassing soargje. Mei 3 earsten dochs in aardige bijdrage oan ús “earstenpot”
- Erik Haitsma en Dirk Yde Sjaarda hellen 9 punten binnen. De earste 6 nei in tige spannende partij en de lêste 3 nei in teloarstellende partij. Dêr hie gewoan mear yn sitten.
- Klassemintslieder fan it SDS-PC earstenklassemint is wurden Feite de Haan. De earste partij winne en de twadde partij mei 5-4 ferlieze betsjutte 10 punten. En seker it spul fan Feite wie om nei Kanada te skriuwen: prima. It wie spitich dat syn maten yn de lêste partij bij 4-4 net goed wiene yn it perk.
Winner
Mei tank oan Sicco Scheltema kinne wij dan dochs de krekte útslach jaan.
Totaal hawwe de SDS-ers 23 earsten bijelkoar keatst en der wiene trije meidoggers dy’t dat goed hiene. Gerard van A, Fred S. en Oebele A. Fred wist hast wol seker dat Feite de measte punten helje soe, mar keas dochs mar foar syn buorjonge Marten. Gerard hie in hiele yngewikkelde formule brûkt om ta in totaal te kommen en hie gjin formule om oan te jaan hokker partoer it beste skoorde. Oebele komt faak bij it haadklassekeatsen en wist it dus it beste.
De priis wie it boeke Boppe fan Pieter Breuker en it sil wierskynlik in tapaslik plakje fine yn de boekenkast fan keatsprofessor Oebele.
Syb O en Pieter K. sieten der mei 22 ek hiel ticht bij en liken efkes de winners te wêzen.
Foto’s’
Der binne ek noch wat foto’s makke mar dy komme tongersdeitejûn op de side. Op www.freuledei.nl steane al in pear fan de Wommelser keatsers.
Op de side fan kf Easterein steane wat foto’s fan Eastereinder keatsers.