Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -woansdei-
25 juli 2006
Wepperkes -freed-
28 juli 2006

5 SDS-ers op PC
Dat is de kop fan in artikel yn Wijd en Zijd en de Franeker Courant. Journalist Johan Vogelzang hat in peatear hân mei Erik Haitsma oer it keatsen mar der wurdt ek mei in skean each nei it fuotbaljen en dus nei SDS sjoen.

Jongefeintenpartij
Trije SDS-ers út Wommels (Erik, Redmer en Kees) hawwe op de Jongeintenpartij yn Easterein de tredde priis helle. Yn de heale finale wûnen se fan de oppermachtige winners Wytmarsum. Yn twa eardere partijen hiene se der in oantal oare rs ôfkeatst: Marten, Bauke, Pytrik fan Easterein 1 en Dirk, Tsjipke Klaas en Jelte Pieter fan Easterein 2. Moaie foto’s fan dit barren kinne jim sjen at jim op de nije banner fan JRF klikke.

Nije oanmelding
Wesley Hoitinga hat him no offisjeel oanmeld as lid fan SDS. Hij sil dus takem jier wer te sjen wêze yn de swarte wite kleuren.

Fuotbalje
Tongersdeitejûn kin der wer fuotballe wurde yn Wommels. Dizze kear wer op in fjild neist it baggerdepot. Om 19.00 oere begjint it sa’n bytsje.

Tean
Hendrik de Jong sil jûn wol net fuotbalje. Hy hat syn grutte tean fan de rjochter(of wie it no de linker?)foat ferstûke by in potsje fuotbaljen by swimbad De Klomp.

Sneu
Ek Hendrik Engbrenghof moat jûn it WK(Wommelser Kampioenskip) oan him foarby gean litte. Hy rekke moandei blesseard op de Terp. Hy stapte yn in gat. Dit berjocht krigen wy fan him:
De heer Engbrenghof heeft vanochtend in een officieel persbericht laten weten dat zijn enkelbanden ver zijn opgerekt. Hij moet zowieso 3 dagen met de voet omhoog en vervolgens 2 a 3 weken rustig aan doen. Hij mist hierdoor de meeste WK’s en zijn rol als suprise guest op de PC kan hij ook vergeten. Het kaatsseizoen is nu dan ook officieel voorbij.