Wepperkes -tongersdei-

Wepperkes -tiisdei-
11 juli 2006
Donau reis wepperkes
14 juli 2006

Earste training
SDS 1 sil tiisdei 8 augustus foar it earst traine. Sy traine yn prinsipe 2 kear yn ‘e wike. Sa no en dan sil der in oefenwedstryd wêze op tiisdei. It komplete foarbereidingsprogramma kinne jim letter dizze wike op de webside besjen.

Nije foarlopige A-seleksje
De nije foarlopige A-seleksje is bekend. Hy bestiet út 25 man. Moarn kinne jim hjir sjen wa ’t der allegear ynsitte.

Omkeaperij?

*Nei de omkeapskandalen yn Dútslân, België en Italië giet no it gerucht dat d’er op it WK yn Dútslân ek praet is fan in grutte omkeapery. It skynt dat Ivanov in soad Euries krigen hat om Nederlân ferlieze te litten en de Italjaan Materazzi soe in protte jild krigen hawwe om d’er foar te soarchjen dat de sânde reade keart joen waard.
Kamen de goksyndikaten in de neamde lânen út it fiere Easten, dizze kear soe it om in begjinnende groep gokkers út Littenseradiel gean. De plysje wol dit net befestigje mar ek net ûntkinne, mar sizze de seak tot op de boaiem út sykje te sillen. It ienige dat bekind makke is is dat de haadpersoanen twa manlju binne beide mei in protte hier. 
Sis mij dat it net wier is wat ik tink.
Groetnis,
Frouke
*Gjin kommintaar!
Willem.

Fertocht?
*It earlikst is gewoan as de webmasters it prizejild oan de nummers trije te jaan. It is gewoan te verdacht.
Ate Feike de Boer
* Wy binne fansels gjin liefdadigheidsynstânsje!
Willem.
 


Helaas?
Jacob Plantinga seach syn foargefoel dat Dútslân wereldkamioen soe lokkich genôch net útkommen. Dit stie der op syn dielnameformulier foar de SDS WK-League.


SDS’ers op de PC
As it allegear wat meisit dan sjogge wy woansdei oer twa wiken 6 SDS’ers op de PC. It giet om Marten Faber, Feite de Haan, Gerrit Flissijn(is ‘ie al SDS’er?), Jacob-Klaas en Erik Haitsma en Dirk-Yde Sjaarda.

SC Heerenveen
SC Heerenveen oefent sneon om 19.00 tsjin Stormvogels/Telstar(dus net Achlum). Dizze wedstryd wurdt spile op sportpark It Joo yn Âldegea(W). De muoite wurdich miskien om efkes te sjen?

WK(Wommelser Kampioenskip)
Jûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan. Wy probearje earst op it fuotbalfjild fuotbalje te kinnen. Mocht de stank fan deade fisken net te hurdsjen wêze dan wike wy út nei de Terp.

Nijs?
Hawwe jim noch nijs, mail it dan nei info@vv-sds.nl!