Wepperkes -tiisdei-

De "nije"SDS League!
23 januari 2006
Wepperkes -woansdei –
24 januari 2006

Traine
Gert-Jan Hiemstra hat fanmiddei it trainingsfjild keurt foar de A-seleksje. Wat him betreft kin der gewoan traint wurde. It is wol ferstannich om sealskuon oan te dwaan. It 1e traint jûn gewoan om 19.00 oere.

Dizze moat jûn mar oan

Oefenje
SDS 2 sil sneon om 14.30 oefenje yn Âldegea tsjin VV Oudega 1.

SDS League
Jim hawwe noch 11 dagen om jim nije team yn te leverjen foar de SDS League. Klik
hjir om in nij team te meitsjen.

Van Hooijdonk
It formulier foar de “nije” SDS League is noch mar krekt klear of der moat alwer wat feroare wurde. Pierre van Hooijdonk “komt wer thús” en kin dus skrapt wurde by NAC. Wy nimme oan dat nimmen him as spiler fan Feyenoord yn syn team foar de SDS League set.

Van Hooijdonk fielt him oeral thús…….

Futsal
SDS 1 moat fan ‘e wike wer thús fuotbalje. Sy bolje woansdeitejûn om 20.30 tsjin Avanti 2. SDS 3 moat woansdeitejûn út nei Haskerland 8. Sy fuotbalje om 22.05(!?).

Fersliept

SDS 1 is nei in geweldich wykein werom. Sij binne mei de trein fan Grins nei Ljouwert reizge en wij kinne ús foarstelle dat se meielkoar lekker drok west hawwe. Dat komt faak fan te min sliep en te folle sapkes.
Foar ien man krige de treinreis noch in ferfolch. Want de ienige Mantgummer reizge fansels earst net nei Wommels mar gie gelyk yn de trein nei ………Mantgum.
Nei de drokte yn de iene trein wie it tige rêstich yn de oare trein en dan fal je fansels maklik yn de lijte. Hâldt  dan de eagen mar ris iepen, sjoch dan mar ris wekker te bliuwen oan  Mantgum ta.
Dat slagge dus net. Skrikeftich waard hij wekker doe’t hij it buordsje Warkum seach. Hij moast doe ek noch mei nei Starum om dêrnei werom te reizgjen yn de selde trein nei  Mantgum

Sliept dit net folle better dan je eigen bêd?

Karten
Fansels waard dit wykein yn Grins it sportive elemint net ferjitten. Dêrom waard der op sneontemiddei karten. Nei in warming-up fan 8 minuten waard der striden om in plak yn de finale. 8 man mochten hjiroan meidwaan en moasten harren hjirfoar kwalifiseare. Tsjipke gie úteinlik as snelste de finale yn. Hy waard úteinlik ek 1e. Robert waard 2e en Dirk-Yde 3e.

Van Hooijdonk(2)
Het is een spannende dag , de voetbalwedstrijd Feyenoord-Ajax staat op het programma. De spelers van Feyenoord komen samen in de kleedkamer, maar ze hebben allen helemáál geen zin om te voetballen, dus pakken ze hun spullen, gaan naar de kroeg , en stellen alleen Van Hooijdonk op, degene met nog het meeste zin. Dus de overige Feyenoorders zijn aan het feesten en drinken enzovoorts, tot Lodewijks denkt: laat ik even op teletekst kijken hoe het staat………
en hij doet het , staat er tot z’n verbazing : Feyenoord-Ajax 1-0.
16e minuut Van Hooijdonk
Dus hij vertelt het aan z’n collega’s en die juichen en gaan gewoon weer door met feesten en drinken….dus ongeveer tegen het einde van de wedstrijd besluit Lodewijks toch één keertje te kijken , staat er :
Einduitslag = Feyenoord-Ajax 1-1
90e minuut Rosenberg
Dus de spelers gaan weer naar de kleedkamer , zien ze Van Hooijdonk zitten, vragen ze : Pi-air hoe kan dat nou , kom je voor , verlies je nog in de laatste minuut !!”
Zegt Pi-air :
” Ja , sorry jongens , 20e minuut , rode kaart !”


Letter mear!