Liwwadder wepperkes
22 november 2004Wepperkes -woansdei-
24 november 2004Betrape
Sjoerd-Pyt(SDS 3) en Klaas-Pyt(SDS 5) liken sneon mear each foar elkoar te hawwen dan foar de pipernúten. Wy binne benijd as de roe der jûns ek noch oan te pas kommen is.
Mei tank oan www.tutsje.nl
Stefan keatser fan it jier!
Juster is op de jierfergadering fan de keatsferiening fan Easterein, Stefan van Krimpen(SDS 2) útroppen tot keatser fan it jier. Opmerklik om ’t it syn earste jier as keatser is. Hy giet dan ek fêst in moaie keatstakomst temjitte. Stefan lokwinske! Op de webside fan KF Easterein(www.kfeasterein.nl) sil fêst ynkoarten in ferslach komme.
Stefan sil fêst wol wer op syn motor troch syn bertestêd Rotterdam om syn priis sjen te litten.
Hoefolle?
Der wie net echt folle fuotbaljen forige wike. Dochs hienen wy hjir 2569 besikers yn ien wike. Safolle hienen wy noch nea earder hân.
Neat te dwaan?
Hawwe je gjin nocht om moarn PSV-Arsenal te sjen, sjoch dan efkes yn ‘e sporthal. Hjir spylje sawol SDS 2 as 3 thús. SDS 2 moat om 21.00 oere tsjin WZS 1 en SDS 3 moat om 22.00 oere tsjin Langwar 1. Mochten je PSV dochs sjen wolle dan kin dat ek by Titus yn ‘e kantine.
Wa wienen dat?
Forige wike koenen jimme hjir in foto sjen fan klas 4 fan de MAVO fan 1997 yn Wommels. Opfallend op dizze foto is dat der hiel wat SDS’ers op steane. Hjir de oplossing:
Boppe: Pieter Kamstra(SDS2), ?,?, Jentsje Jorritsma(SDS3), Klaas Frankena(âld-SDS’er) en Jeroen Hoek(SDS5).
Ûnder: ?, Syb Overal(SDS2), Paulus Dijkstra(SDS5),?,Sjoerd van Beem(SDS3), Rinse Joustra(SDS5) en Jan Stenekes(SDS3).
8 SDS’ers dus op dizze foto. Anne-Marije Hofstra hie noch probear de oplossing te betinken mar kaam net fierder as 5. It prizenjild bliuwt dus yn kas.