Wepperkes (tiisdei)

Programma SDS dizze wike
5 april 2004
Wepperkes (woansdei)
6 april 2004

SDS 2 giet net troch
De wedstriid SDS 2 tsjin Oeverzwaluwen 2 giet tiisdei 6 april net troch. De Koudummers hiene te min spilers. Dat soks ek troch de wike al kin, is nij. SDS 2 hie wol 17 man hân. Oeverzwaluwen fielde der neat foar om inkelde spilers te huren foar ien kear.

Hoefolle?
Juster 324(!) besikers op de side west. Wêr komme se allegear wei?

Bruinsma en Bergsma

Sa’t jim allegear witte stjoere wy de hearen Bruinsma en Bergsma (foar ús Enne en Harm) altiten nei de útwedstriden ta om de doelpuntenmakkers by te hâlden. Sa’t jim lêze koene op dizze side en yn de Treffer giet dat wolris mis.

It is dúdlik dat soks harren raar yn it paad siet. Sneon kamen se ús al temjitte by it stek en blierkjend fertelden se ús dat Hendrik en Floris skoord hiene. Se hiene it sels opskreaun. Sokke minsken dêr hawwe je wat oan.

 

Clarence Stremler

Op dizze side is al it nedige skreaun oer it nimmen fan strafskoppen. Logysk of net de namme fan Harm waard yn ferbân brocht mei de namme fan Clarence. Ofrûne sneon kaam de Treffer út en ek dêr stie it ferhaal yn. Foar Harm wie dat in reden om ús oan te sprekken; wêr’t hy dit oan fertsjinne hie, wie syn fraach. Hy hie no twa kear ien mist en miskien troch de jierren hinne wol 25 skoord.

Sa hiene wy it noch net besjoen en wy wolle Harm dan ek wer gewoan Harm neame.

Dochs wolle wy de namme Clarence binnen de klup yn eare hâlde.

Derom hiet fanôf no elke strafskoppemisser tiidlik Clarence. Dat duorret oan it momint dat de folgende strafskoppemisser him oantsjinnet.

 

Clarence strafskoppentrofee

Under de rubryk senioren kinne jim mear ynformaasje fine oer de striid om de Clarence sluier trofee. Wa sit ûnder de sluier op dit momint en skammet him dea? En wa stiep boppeoan yn it klassemint?

  

Priiswinner

Dat Stefan van Krimpen it earste aai fûn hat en dêrmei de earfolle titel krigen hat fan de beste aaisiker fan SDS, is  fansels prachtich. Net om Stefan mar wol om it feit dat it dizze kear Willem Wijnia net is dy’t de priis wint. Alles hat er dit jier noch wûn: Fec, futsal, kennis, periode, side-award en it kampioenskip komt er oan. Wy as redaksje wiene bliid dat wy him út it lân hâlde koene, want oars hie it noch in spannende race wurden mei Stefan.