Wepperkes -moandei-
18 november 2007Wepperkes -woansdei-
20 november 2007Futsal 3
SDS 3 spilet moarntejûn om 20.30 thús tsjin ZVF 2. Kom gerêst efkes sjen!
Futsal 1
SDS 1 moat ek tsjin ZVF mar dan yn Frjentsjer. By SDS dogge mei: Jan-Simon, Anne, Feite, Tsjipke, Skelte, Harm en Tseard. Peter is noch in twifelgefal. Robert en Willem binne al wiken net iens in twifelgefal en dogge wer net mei.
Juster binne der ek al wat wedstriden spile yn de Haadklasse(klik hjir).
Fyts noch yn it fytsenrek?
Sinterklaas
Mochten jim Sinterklaas tsjinkomme wiis him dan efkes op al dy Sinterklaaskadootsjes dy ’t der te krijen binne yn de SDS-winkel. Fan SDS-taskes, SDS-sjaals oan ’t SDS-sokken en SDS-trainingspakken.
Nije Treffer
It sjit alwer aardich op of der komt wer in nije Treffer út. Hawwe jim noch kopy, mail it dan nei detreffer@vv-sds.nl.
Lifte
Ek Dirk de Jong sil him mooglik bij de organisaasje fan de liftwedstryd melde omdat hij mei plannen omrint om ek mei te liften. Hij hat as liftmaatsje yn de holle Lisanne(fan Jan). Wij binne benijd at se troch de ballotaazjekommisje hinne komme.
Nije balfêste spits
Marcel Frankena lit ús witte dat hy mei troch syn drokke wurk folgend seizoen gjin trainer is fan SDS 1. Hy hâldt syn eagen wol iepen foar mooglike nije spilers;