Wepperkes -tiisdei-

Willem Wijnia wint de SDS WK-League!
10 juli 2006
Wepperkes -tongersdei-
12 juli 2006

Ôfreagere
Ate Feike de Boer is noch altiten net oer de reade kaart fan Zinedine Zidane hinne yn de WK-finale. Feike Jorritsma fûn foar him in moai spultsje op it ynternet om fan dizze frustraasje ôf te kommen(klik
hjir).

Modeltsje Ivanov
Sommigen binne noch net hielendal hinne oer it ferlies fan Nederlân yn de wedstryd tsjin Portugal. Foar harren is dit miskien wol wat(klik
hjir).

Fuotballe
Justerjûn is der wer de hiele jûn fuotballe op de Terp yn Wommels. Der waard begien mei 4 tsjin 4 en eindige úteinlik ik wer mei 4 tsjin 4 wêr ek efkes 8 tsjin 8 west wie. De lêste partij waard beslist
mei in winnende goal yn 4-3 foar Henk, Corky, Rudy en Hendrik E. Sy wûnen fan Kees, Mark, Sybren en Arjen.
It is net wis as der jûn ek fuotbald wurde sil. Tongersdei is eltsenien yn elts gefal wer wolkom om 19.00.

Tafal?

*Willem/Aant,
Is dat nu echt toeval? Toeval dat de SDS webmasters op de plaatsen 1 en 2 eindigen van de SDS WK-League? Of struinen jullie het internet zoveel af dat je daardoor een hoog voetbal IQ krijgt. Hoe dan ook, gefeliciteerd met deze topplaatsen in de SDS WK-league.
Sjouke Walinga(webmaster vv ONT)
*Tige tank, mar ik hâld it op strontgelok.
Willem

Idols?
Mark Postma sollisiteart hieltiten mear nei in plakje by Idols. By wa giet hy eins staasje-rinnen yn Amsterdam? John de Mol? Joop van den Ende?(sjoch
hjir).

Dukes of Hazard
Yn Wommels like it sneon wol efkes de Dukes of Hazard. In groep jonges, wêrunder tal fan SDS’ers lykas û.o. Mark en Henk, Corky, Ralph, Sybren en Rudy, wienen by de Igge oan ’t snoeien. Dit snoeihout moast fansels ek fuortbrocht wurde. In frachtweintsje fan Frankena waard hjirfoar brûkt. Yn it Swingoerd gie it mis. Mei Hendrik Engbrenghof efter it stjoer en Corky dernêst waard der in stikje fan de stoeprône rekke troch it rjochterfoartsjil. It weintsje waard lanseard en ride dwerstroch 2 túnen op it Swingoerd. Efter yn de bak fan it buske stienen û.o. Sybren en Ralph deadsangsten út. Lokkich genôch stoppe de wein nei 2 túnen en wie der allinne mar materiële skea.

It falt mei……..