Wepperkes -sneon-

Seleksjes 16 desimber
15 december 2006
Útslagen 16 desimber
15 december 2006

Keuring
Om 11.30 oere is it fjild nochris keurd. Konkluuzje: SDS 1 giet troch. De oare wedstriden yn Easterein binne ôflast.

De buienradar
Op dizze
buienradar kinne jim sjen dat it tusken 12 en 1 oere droech wurdt. Dus steane wij fanne middei droech te sjen bij SDS 1 en 2.

Tafelfuotbal
Dat it tafelfuotbal nije wike in sukses wurdt is wol wis. Der wurdt al drok ûnderhannele. Wij witte net krekt wat wij ferwachtsje kinne mar wolle sa folle seniorenleden de kâns jaan om mei te dwaan. Wij moatte miskien wol tafels derbij helje at it fermiende entoesjasme ek noch omset wurdt yn dieden.
Derom freegje wij jim om jim sa gau as mooglik op te jaan, want it kin best wêze dat wij aansens sizze moatte : ho. Want wij moatte fansels wol genoch tafels ha.
SDS 5 hat de folgende teams al stean: Durk en Klaas, Ype en Aant (Aant nimt strafskoppen)
SDS A1 hat ek al twa teams opjûn: Jelmer en Sytze, Bauke en Redmer
Opjaan kin bij Aant of Fred. Maile kin op
dit adres

Hanzedruk yn it nijs
Ferline wike koene jim yn de kranten lêze dat Hanzedruk in drukkerij yn Snits oernommen hat. Yn it Frysk Deiblêd stie in nijsgjirrich artikel. Jan de Jong tipte ús dêr oer. Meast opfallende aspekt: Wouter stiet op de foto mei in produkt fan harren……de Treffer dus.

Programma Midwinter
Justerjûn hawwe wij it programma fan de Midwinterkup krigen. SDS futsal en SDS fjild moatte beide op woansdei 3 jannewaris yn de Trije fuotbalje. It programma wat wij krigen hawwe, liket ús net hielendal folslein. SDS fjild stiet der mar trije kear op. Wij sille sjen at wij mear fine kinne.



Harsens derby(41)!!
Eltsenien moat hjoed der harsens der mar wat by hâlde(klik hjir).