Seleksjes -sneon-
8 december 2006Wepperkes -snein-
9 december 2006Ôflast of net?
Thús is alles ôflast, mar hoe komt it mei de útwedstriden? Is der wat ôflast mail it dan nei Aant.
Op de side fan Broekster Boys stiet dat it dêr ôflast is. Dus nimme wij dat mar oan. Fan Gerlof Jan krigen wij troch dat SDS 6 net trochgiet.
SDS 5 giet seker wol troch. Klaas Okkema hat kontakt hân mei de Ljouwerters.
Spultsjesmiddei
It is fansels te gek om hjoed op sa’n fuotballeaze sneon hielendal neat út te fynen. Derom sil fannemiddei om 15.30 oere de kantine iepen wêze foar de minsken dy’t net de hiele dei thús sitte kinne. Der sil in saneamde spultsjemiddei op it programma stean mei bygelyks klaverjas, poker, kolonisten van catan. Derneist kinne minsken ek gewoan delkomme foar in geselliche sit.
Dêrom wolle we graach eltsenien útnoegje om fannemiddei efkes nei de kantine yn Easterein te kommen. It barteam bestiet út Tsjipke-Klaas en Dirk-Yde.
Aktiviteitenkommisje
It programma hjoed
utslach | ||
14:30 | Broekster Boys 1 (zat) – SDS 1 (zat) | ôflast? |
14:30 | QVC 2 (zat) – SDS 3 (zat) | oflast |
12:45 | Leeuwarder Zw 11 (zat) – SDS 5 (zat) | 6-0 |
12:45 | VOG 2 (zat) – SDS 6 (zat) | ôflast |
10:30 | Rood Geel C2 – SDS C1 | sds wint |
12:30 | SneekWitZwart D2 – SDS D1 | |
16:00 | GAVC D3 – SDS D2 | |
17:45 | CVVO D3 – SDS D2 |
Feroarings
Wy binne drok oan de gong mei feroarings oan de webside. It kin wêze dat dêrtroch iets dan net goed wurket. Sa hienen wy ôfrûne woansdei foar it earst yn jieren gjin nijs om ’t wy de webside net op koenen en is ús eameladres info@vv-sds.nl op dit momint net te berikken. Kommende wike komt alles wer goed.
Marcel en Attie
Wij fregen dizze wike de oerienkomst tusken Attie en Marcel. It goeie antwurd wie “dat binne de ienige twa SDS-ers dy’t Venice in leuke band fine (sitaat Willem)
Der wie ek in reaksje fan: “se hawwe beide gjin ferstân fan fuotbal.”
Dat lêste wurdt lykwols mei klam tsjinsprutsen troch Freddy: hij seit dat Attie wol ferstân hat fan fuotbal.
Jierdei
Sa pleatsten wij ek in rychje spilers: Jos, Martin, Friso, Andries, Rinse, Skelte, Rudmer, Bauke en Joris.
Se binne net allegear blesseard, sa’t de vinnige tocht, mar se binne wol allegear jierdei yn de earste 10 dagen fan desimber. It earste goeie antwurd kaam út Amstelveen. Mark Postma krijt it jubileumboek.
Futsal 2 skoorde 65 kear
Fan Dirk Yde krije wy eltse wike in kreas oersicht fan doelpuntenmakkers. Dizze list stiet dan ûnder “Zaalvoetbal” by “SDS 2” by “Doelpuntenmakers”. Dit is it listje sa ’t it der no útsjocht:
Totaal | |
Dirk-Yde | 28 |
Skelte | 19 |
Tseard H. | 4 |
Pieter | 3 |
Hendrik | 3 |
Tjeerd B. | 2 |
Sjoerd R. | 2 |
Feite | 1 |
Marten | 1 |
Harm-Auke | 1 |
Eigen goal | 1 |
Sjoerd van B. | 0 |
Floris | 0 |
Goals: | 65 |
Hawwe jim wat te melden oer dizze (miskien wol) fuotballeaze sneon, mail it nei dit adres.
Moarn kinne jim folle mear lêze oer de spultsjemiddei en de nederlaach fan SDS 5.