Wepperkes -freed-
17 juni 2005Wepperkes -tiisdei-
21 juni 2005Nije yndieling
It is de webmasters noch net slagge om de komplete alvetalyndieling foar takem jier yn hannen te krijen. Wy witte dat de foarlopige yndieling klear is mar it is ús helaas noch net beskikber steld. Wy bliuwe it prebearjen, ek al sille wy de besitters der foar ûnder druk sette moatte.
Popko de sigaar
Sigaar roke en de jiske salang mooglik der ophâlde is in sliepferwekkende fertoaning sels foar de dielnimmers. Op it Wommelser feest die ek in bekinde mei.
Marco Bakker
De Marco Bakker hat in kear wat problemen mei syn cruise-control hân yn in parkear garaazje yn Amsterdam. Om minsken der foar te warskôgjen hat er no syn namme op de auto setten, sadat elkenien op tiid fuort komme kin.
Wy wiene wol wat benijd wat er no allegear meitôge yn it buske
Gjin sukses
Hjoed wiene der wer twa nederlânske kampioenskippen keatsen. De pupillen kamen yn aksje. Foar Wommels en Easterein levere dat op beide wedstriden gjin sukses op. Foar Itens en Spannum ek net trouwens
Sukses foar Feite, Robert en Gert Jan
Ferline jier wiene se ek al suksesfol by it keatsen foar senioren. Sneon hellen se de priis yn Berltsum. Sjoch hjir
Nije kantine bouwe
Takem jier om dizze tiid hoopje wy dat er wurke wurdt oan de nije kantine. Der sille in protte frijwilligers nedich wêze om dizze klus te klaren. En frijwilligers fine wurdt hjir en dêr wol wat dreger. By de Skoalleseize leit it senario al klear om in protte frijwilligers nei de bouput te krijen.
Jim kinne jim no al fêst oanmelde by info@vv-sds.nl , as frijwilliger of taskôger
Blauwe drek
De bermen neist it fytspaad tusken Wommels en Easterein binne prachtich, kleurryk en heech. It falt dan ek net mei om in eintsje troch de berm te fytsen. Dochs is it immen slagge troch dat meter hege gers te kommen en in dûk te nimmen yn … de blauwe drek. Sneontemoarn betiid wie it gers op in bepaalde plak fertrape, lei de blaue drek op it paad en giene de blauwe drek fuotstappen rjochting Easterein. Sa te sjen skuon maat 43.
Wy geane earst sels op ûndersyk út om nei te gean wa’t dizze moaie berm sa skansearre hat. Slagget it ús sels net,. dan skeakelje wy Baantjer yn. Witte jim hjir mear fan, of hawwe jim in idee hokker SDS-er (of in oar) dit wie, mail ús: info@vv-sds.nl