Wepperkes -sneon-

Seleksjes SDS 2,3 en 4 sneon.
17 december 2004
Wepperkes – snein –
19 december 2004

Hat SDS 2 de 1e periodetitel??
Hjoed hat Leeuwarder Zwaluwen 2 thús mei 2-1 ferlern fan Noordscheschut 2 neffens in kantinemeiwurker fan de Ljouwerters. Dit soe betekenje dat SDS 2 hjoed de 1e periodetitel pakt hat yn ‘e Reserve 1e Klasse. Dit soe in hiele prestaasje wêze fan Klaas Okkema en syn ploegie.

Ôflast
Sawol SDS 2 as 3 binne hjoed ôflast.

Jûn fuotbalje!
Sommige fuotballers fan SDS meie hjoed dochs noch efkes fuotbalje. Sa spilet it 1e sealteam fan SDS jûn yn Frentsjer de earste poulewedstriden foar it Krysttoernoai. Foar SDS 1 dogge de folgende spilers mei: Remco, Tseard, Skelte, Dirk-Yde, Peter, Harm en Anne. Willem docht mei by Mesken Bouw. Sy moatte jûn los om 21.00 oere en spylje 6 wedstriden.

Abraham
De famylje Postma hat hjoed in feestje. Heit Chris is 50 jier wurden. Fan herte lokwinske!

In sneon út it libben fan…..Klaas P.
Fannemoarn gie ik 7 oere út bed en om 8.30 mei C1 nei Hârns ta. Dêr oankommen, jimme riede it al, is de wedstriid ôflast. Lokkich waarden wy op gastfrije wize wolkom hjitten troch de ús aller bekinde skiedsrjochter yn fuotballen en keatsen, Age Tichelaar! Harns hie wol skille nei Easterein, mar nei it nûmer fan Rinse Sybesma….? It boekje fan de KNVB lei der by mar de nûmers die der yn stienen wienen neffens my net skille. Rinse hie it nûmer fan Roel oan Harns joen mar Roel wie net skille. Om 9.30 kaam Klaas Roel tsjin op de van Eysingeleane yn Easterein op wei nei de kantine. Der wie in ynlaste wedstriid fan de F-kes? Dan mar efkes 7-7 op in heal fjild mei C1. Spitich…ek dat gie net troch want it fjild wie ôfkart. Dan earst efkes Andries nei Wiuwert bringe en nei hûs om kofje. De riders Plantinga, Piek, van Wieren en Pompstra bitanke! De lieders en spilers fan C1 winsket eltsenien noflike kriistdagen. Oant 29 desimber yn de seal yn Snits en 31 desimber yn Easterein.
Klaas Pompstra

KF Easterein
De keatsferiening hat dit jier 2000 besikers helle op hun keatsside( klik hjir foar hun side).
No sjogge jimme der fansels net fan op, mar dochs…. Sûnt 11 july hat de teller rûn en dat betsjut san 12,5 besikers gemiddelde per dei. Allinich as ús webside op de SDS-side naam wurd mei nijs, lykas de keatser fan it jier, dan ha we mear besikers (65!).
Klaas Pompstra

“Witte jimme dat?”
Tjipke fan hûs ôf nei it fjild yn Easterein draaft, op fuotbalskuon, om C1 te trainen. Soe hy dernei ek sa nei Wommels gean om sels te trainen?