Utslaggen 6 novimber
6 november 2004Wepperkes -snein-
7 november 2004Doelpuntrike famylje
Jelmer, Arjan en Gearard Posthumus binne trije broers dy’t yn trije ferskillende alvetallen fuotbalje. Sneon 6 novimber skoorde Arjan by A1, Jelmer by B1 en Gearard by SDS 5.
Strafskoppen
Krekt as 2 wike lyn wie by SDS1 in strafskop wer beslissend. No yn positive sin. Marten Faber kearde de bal, sadat Zeerobben net op 2-2 komme koe.
By SDS 3 moast er ek in strafskop nommen wurde. De man dy’t nea in strafskop misse sil (neffens him sels) gie efter de bal stean en skoorde: Harm Auke Dijkstra
It momint
Marten Faber keart strafskop
Bekerfirus
By B1 binne se no al dwaande mei de bekerwedstriid oer 3 wiken. Sneon moast SDS nei Urk. It like lieder Tjeerd in goeie saak om efkes earder fuort te gean om sa noch efkes in helt fan de takomstige tsjinstanner te sjen. Dus riid Tjeerd earst nei Ens (om te sjen) en dêrnei nei Urk ( om te lieden)
SDS4 ferliest al wer
“At SDS 4 it Ajax firus hie”, wie de fraach nei ôfrin. 2 kear ferlieze yn 8 dagen is reedlik unyk. De Blauw Witen út Ljouwert wiene gewoan folle better. Seker doe’t Lody Roembiak yn it fjild kaam waard it spul sa maklik fan de iene nei de oare kant ferlein dat er gjin ferdigenjen oan wie. Sels it sekerheidtsje dat SDS 4 altyd wol skoord, gie dizze kear net op. It waard 0-5.
Grinsrjochter
Grinsrjochter by earste alvetallen binne hast altiten ferfelende minsken. Dat wurde je fansels ek at je fan alles te hearen krije fan spilers en foaral publyk. Aardige grinsrjochters binne der ek: Klaas Overal, Daan Boersma en de sympatike flaggeman fan Zeerobben. Hy hie gefoel foar humor en wist pewrfekt oan te gean mei opmerkingen. Hulde.
Alde gloarje by elkoar
Reitze van der Valk, Willem Agema en Gelf Eringa, mannen fan it earste oere fan SDS, hellen tidens de wedstriid SDS-Zeerobben âlde herinneringen. “Se moatte it breder hâlde”, wie it algemiene adfys