Wepperkes -snein-

Wepperkes -sneon-
6 november 2004
Sfearfoto’s SDS-Zeerobben
7 november 2004

Aant op Omrop Fryslân
Inkelde wiken lyn wie Aant yn it radioprogramma Omnium fan Omrop Fryslân. Hy hie hjir in praatsje oer ús ynternetside. Om ’t dit op in tiisdeitemoarn útstjoerd waard hawwe net folle minsken it heare kinnen. Mochten jimme it noch al heare wolle dan kinne jimme
hjir klike. It bestân is ûngefear 1,6 Mb grut.

SDS – Zeerobben
Wy hawwe noch gjin ferslach krigen oer de wedstriid SDS 1 – Zeerobben 1. Dit sil fêst moarn wol komme. Op de webside fan Zeerobben stiet al wol in grut ferslach en foto’s fan de wedstriid(klik
hjir)

Drok mei de skieds
SDS C1 wûn sneon mei 8-0 fan RES. Der wie dus neat om je drok oer te meitsjen. Dat blike dus net sa te wêzen. Lês
hjir it ferslach fan Klaas Pompstra.

SDS 2 ferliest
Sneon ferlear SDS 2 foar it earst wer yn wiken. Thús wie HZVV te sterk mei 2-1. SDS wie allinne net minder en hie seker in lykspul fertsjinne. Klik
hjir om te lêzen wa as de grutte kâns op 2-2 miste.

Op de keamer fan …….
Op de webside 
www.sabetocht.nl stiet in nije rubryk. Dit is de rubryk; Op De Kamer Van.. Om ’t it dizze kear de keamers betreft fan 2 SDS ‘ers wolle wy jimme de foto’s net ûnthâlde. Skrik net want it is foaral in soad cola, Jumbo en Ajax. Klik hjir foar de foto’s.

Lytse Pieter
Richt en Pieter lizze beiden noch yn it sikenhûs mar meitsje it goed. Pieter begiet al wat te groeien en Richt is flink ôffallen. Pieter is der net gek op dat der foto’s fan him nommen wurde want hy sjocht al wat lilk.